Luchtballon lânet yn wenwyk op De Jouwer
Op De Jouwer hat de ballon fan Johannes Kooistra snein in ûnferwachte lâning makke, om't de wyn fuort foel. It wie foar de buertbewenners in nuver gesicht, mar de ballonfarder hie alles ûnder kontrôle.
Ballonfarders meie sûnt ferline wike wer mei passazjiers fleane of 'farre', sa't se dat neame. "Dat is moai dat dat wer kin", seit Johannes Kooistra. Hy hat it wol mist: "It is in erfaring dy't se ien kear yn harren libben dogge, dat bliuwt bysûnder, elke kear wer."
Needlâning
Kooistra fleach snein boppe De Jouwer, doe't er trochkrige dat de wyn feroare: "Ik hie it reedlik fluch yn 'e gaten, de wyn dy draaide en foel hast fuort." Hy wist dat er net fier mear komme soe, dus sette er de lâning yn. "Wy ha in lange line yn 'e ballon fan 50 meter, dy ha ik op 'e brêge nei ûnderen smiten. Myn efterfolch-crew mei omstanners hawwe dy line beetpakt en de ballon nei it gersfjild lutsen." De luchtballon is úteinlik op in fjild tusken 'e huzen lâne.
Foar de passazjiers wie it miskien wol spannend, mar Kooistra hie alles ûnder kontrôle: "Ik wit wat der bart, ik wit wat ik dwaan sil, dus dan is it net spannend. Doe't ik by it gersfjild wie, haw ik 'm rêstich delset, der wie eins neat oan 'e hân."
Net ferleard
It ballonfarren is er perfoarst net ferleard, seit Kooistra: "Ik ha it ôfrûne jier ek noch lesjûn yn ballonfeart, dus ik wie it net ferleard." De situaasje hie er ek hast net foarkomme kinnen: "Ik hie goede waarsynformaasje. De wyn soe wol ôfnimme, mar it naam earder ôf as dat se foarsein hiene." As de waarfoarsizzing goed is, giet syn luchtballon dizze jûn gewoan de loft wer yn.