Yntze de Vries: "Polityk bûten de riedseal yn Smellingerlân, dêr meie de hûnen gjin brea fan!"

De polityk kin sa út en troch in wier meepsenêst wêze. Net allinnich lanlik, mar ek regionaal en sels lokaal kin it mâl gean. Yn it Nijsfoarum sprekke trije Fryske politisy har út oer de gong fan saken yn de polityk.
F.l.n.r.: Yntze de Vries, Jenny Douwes, Jaap Stalenburg © Omrop Fryslân, René Koster
"Miskien moat ik der noch mar ris in boek oer skriuwe..." sei ELP-fraksjefoarsitter Yntze de Vries snein yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. "Yn de riedsfergaderingen sels giet yn Smellingerlân alles altyd hiel korrekt, mar dêr bûtenom giet it der op in wize oan ta dêr't de hûnen gjin brea fan meie!"
De Vries makke de opmerking yn in petear oer de politike moares en it taalgebrûk. Oanlieding wie in opmerking fan in ELP-riedslid. Dy hie by fersin - om't de mikrofoan noch iepen stie - in âld-wethâlder útmakke foar 'Wat in lul.'
"En doe wie de wrâld te lyts", neffens De Vries. "Dat is polityk yn optima forma, want elk seit dat er it politike wurk docht yn it belang fan boarger en mienskip. De measten bin der lykwols allinnich mar op út om by de folgjende ferkiezingen de stim fan de boarger wer te krijen."

Omtzigt

Foarumlid Jenny Douwes neamde it 'zorgwekkend' dat politisy dy't de feiten boppe tafel hawwe wolle, faak in kopke lytser makke wurde. "Dat sjogge jo by Pieter Omtzigt, mar blykber ek op lokaal nivo. En dan ferpakke se dat yn wollige taal sadat jo it allegearre ek mar kwalik folgje kinne. Wat dat oanbelanget is sa'n Caroline van der Plas yn de Keamer in ferademing."
PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg dy't ek diel útmakke fan it foarum, sei ek in soad wurdearring te hawwen foar Van der Plas, "Maar zij heeft het wel gemakkelijk omdat zij geen grote politieke verantwoordelijkheid draagt."
Fragmint út it Nijsfoarum fan Buro de Vries