Twa ferwûnen by autoûngelok op N359 by Parregea

By in ferkearsûngelok op de N359 by Parregea binne sneon twa minsken ferwûne rekke. De auto dêr't sy yn sieten, kaam troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter telâne nei in stjoerkorreksje en in botsing tsjin in beam.
© CAMJO media, Stefan Postema
De auto kaam op de provinsjale dyk N359 nei De Lemmer fan de kant fan Boalsert. Hy rekke yn de tsjinoerstelde rjochting yn de berm. Nei in stjoerkorreksje kaam er oan de oare kant fan de dyk, botste dêr op in daam yn in sleat en waard doe lansearre. Dêrnei klapte de auto op in beam en kaam er yn it wetter ta stilstân.
Ien fan de twa ynsittenden siet fêst yn de auto. De persoan is der troch de brânwacht út helle. Beide slachtoffers binne mei de ambulânse en de trauma-helikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.
De helptsjinsten wiene manmachtich oanwêzich. De dyk hat in skoft ôfsletten west. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.