Man oanholden op fertinking fan brânstichting yn Boerum

Yn Boerum is freedtejûn in man oanholden op fertinking fan brânstichting. De brânwacht waard oproppen foar in bulte strie dy't yn 'e brân stie njonken in buorkerij oan de Friesestraatweg. Troch de rappe ynset fan de brânwacht, wie de brân ek fluch ûnder kontrôle.
© Noordernieuws/De Vries Media
De plysje hat befêstige dat der sprake wie fan in oanhâlding. De melding fan de brân waard krekt nei seizen dien. De brânwachten fan Bûtenpost en Grijpskerk binne op it plak kaam.