Fan de Azoaren nei Harns: tallship Wylde Swan nei sân moannen wer werom

Nei in bysûndere reis is de Wylde Swan werom yn Harns. It tallship hat sân moannen ûnderweis west oer de wrâldseeën. In fulkaanútbarsting by Saint Vincent en in oanlisferbod yn de Azoaren makken de reis ien om nea wer te ferjitten.
It skip Wylde Swan komt oan yn de haven fan Harns
Op it tallship kinne studinten meifarre de wrâld oer. Sy leare dan alles oer it libben op see en krije regulier ûnderwiis. It skip pikt ûnderweis ek learlingen en dosinten op dy't in stik meifarre.
De nijste lichting fear sa'n sân wiken mei. "Mijn vriend zit daar ook bij", seit Daphne. Sy stiet har freon op de kade op te wachtsjen. "Hij is scheikundeleraar en ik heb hem enorm gemist. Maar gelukkig is hij bijna weer thuis." Daphne ûnderbrekt har ferhaal as se sjocht dat it skip de haven ynkomt. "Wat een mooi moment!"

In soad meimakke

De Wylde Swan hat in soad meimakke yn de ôfrûne tiid. Sa wie der krityk op it meitsjen fan de wrâldreis yn coronatiid. Corona spile in grutte rol by de reis. It skip mocht net oeral samar oanlizze en dus lei it soms dagen foar anker. Ek wie der in grutte fulkaanútbarsting by Saint Vincent, wêrtroch't it skip ûnder de jiske kaam.
Mar no leit it dan einlik wer oan yn Harns. "Het voelt ook fantastisch om terug te zijn", seit de freon fan Daphne, wylst hy op de kade springt. "Eerst even naar huis en bijkomen, maar ik zou zo nog een keer gaan als het kan."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de oankomst fan it skip Wylde Swan