FIDEO: Hoefolle witte ús assistint-skiedsrjochters fan Friezen op it EK?

It is foar it earst yn de skiednis fan it Europeesk kampioenskip fuotbal foar manlju dat der trije Friezen yn aksje komme op it toernoai. Nee, Fryske ynternasjonals binne dat fansels net. Njonken it fjild is Fryslân wól rom fertsjinwurdige. Jan de Vries, Hessel Steegstra en Erwin Zeinstra sille as assistint-skiedsrjochter by miljoenen Europeanen yn it byld ferskine. Mar, hoefolle witte se eins fan harren foargongers?
We teste de kennis fan de manlju mei de iennige echte Fryske EK-kwis