SC Hearrenfean rekket Lasse Schöne kwyt oan NEC

Fuotballer Lasse Schöne komt takom seizoen net werom by Sportklup Hearrenfean. De Deenske middenfjilder tekenet in kontrakt by NEC, dat promovearre is nei de earedifyzje.
Lasse Schöne yn syn foarige perioade by NEC © Orange Pictures
Dat befêstiget de saakwaarnimmer fan Schöne (35) nei berjochtjouwing fan Voetbal International. Schöne spile tusken 2008 en 2012 ek al by NEC.
Yn 2012 helle Ajax de Deen nei Amsterdam. Dêr spile er sân jier. Doe gong er nei Genoa, mar doe't er syn basisplak yn Italië kwytrekke, liet er syn kontrakt ûntbine. Yn febrewaris tekene Schöne in kontrakt fan in healjier foar SC Hearrenfean, deselde klup dêr't er yn de jeugdoplieding ek spile.

Schöne mist earste wedstriid fan NEC

Schöne spile dit seizoen tolve kompetysjewedstriden foar Hearrenfean en makke ien doelpunt. Yn syn lêste wedstriid krige er read. Troch syn skorsing mist er dêrom de earste wedstriid fan NEC.