Alde gersmatte yn 750 blompotten ferparte ûnder Feanfans

Hast tûzen supporters, frijwilligers en sponsoaren fan Sportklup Hearrenfean ha snein in blompotsje mei in stikje fan de gersmatte út it Abe Lenstra stadion helle. Omdat der in nije gersmatte komt, joech de klup stikjes fan de âlde matte fuort.
© sc Heerenveen
Yn totaal wienen der 750 minsken dy't wat reservearre hienen. Minsken dy't gewoanwei op de stuoltsjes sitte en perfoarst net op it fjild komme meie, koenen no harren blompot ophelje by de middenstip.
Wa't in stikje fan de gersmatte ha woe, moast yn it foar in oere reservearje wêryn't se it ophelje koenen. "Alle oeren koenen der 100 minsken delkomme", seit supporterskoördinator Michiel de Boer. "We hienen wol wat stewards derby, foar achter de hân. Mar dy ha neat dwaan hoegd, it gong allegear prima."
Minsken fine it geweldich dat se no in kear in fjild op mochten.
Supporterskoördinator Michiel de Boer
En it wie in hiel gesellige dei, fertelt De Boer. "Minsken hienen de bern mei, dy koenen wat fuotbalje op it fjild. En we ha in protte moaie reaksjes fan minsken hân, dy't it geweldich fûnen dat se no in kear in fjild op mochten. En se fine it moai om fanôf it fjild nei harren fêste eigen stuoltsje te sjen."
Foar seizoenskaarthâlders, frijwilligers en sponsoaren wie in seadde fergees. Klupkaarthâlders betellen fiif euro. "Yn totaal wienen der dochs wol in stik as 200 minsken dy't fiif euro betelle ha", fertelt De Boer. "We moatte noch even sjen wat we mei dat jild dogge."

Oer trije jier wer?

De ôfrûne wykeinen hat Hearrenfean faker saken organisearre op de âlde gersmatte. It duorret nei alle gedachten in pear jier foardat soks wer kin. "De bedoeling is dat de nije gersmatte trije jier lizzen bliuwt. Mar dan bliuwt it ek bysûnder", seit De Boer.