In spoaroergong slute: "As eltsenien it graach wol, dan kin it fluch"

"As eltsenien it graach wol, dan kin it fluch," seit boer en CDA-riedslid Hendrik Sijtsma fan Harns oer it sluten fan net befeilige spoaroergongen. Hy wenne sels by in spoaroergong dêr't yn 2017 in heit en soantsje om it libben kamen.
Yn Harns waard de spoaroergong yn 2017 ôfsletten © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Wol freget Sijtsma begryp foar it feit dat it somtiden dreech is om in oplossing foarinoar te krijen en hy jout ek oan dat minsken sokke ûnfeilige situaasjes net mear wend binne.
Yn maart 2017 kamen in heit fan 31 jier en in soantsje fan 3 jier om it libben by de spoaroergong oer de Alde Trekwei by Harns. Dat barde op de dyk nei Sijtsma ta. Yn septimber fan itselde jier waard de oergong ôfsletten. De pleats waard mei in nije dyk oansletten op de Ludingawei.

"Ferskriklik"

It ûngelok yn Boazum sneon die Sijtsma fuort weromtinken oan it ûngelok yn 2017. "Je hearre it en tinke: der is wer wat geande. Je witte sels ek hoe't it doe by je thús wie. Je sjogge de nijsberjochten. It wiene yn dit gefal twa campinggasten. Dy minsken dy't dêr wenje hawwe der wol emoasje by, mar fiele net it ferlies fan in dierbere. It is by dy op it hiem bard. Mar foar de famyljes is it it meast ferskriklik."

Grûnbesitters

By Sijtsma wie it knyppunt gau fuort. "Ik kin net oardielje hoe't de situaasjes by in oar binne," seit hy. "Mar de nije dyk dy't by ús oanlein wurde moast, hoegde allinne oer ús lân hinne. As de boer dat wol, dan is de behindering fuort. Mar is der in oare grûnbesitter by dy't it net wol, dan heakket it."

Yntinsje goed

Dêrom hopet Sijtsma wol dat minsken mei nuânse neitinke. "In soad minsken roppe dat alles no yn ien kear oplost wurde moat. Mar sa ienfâldich is it ek net. Je hawwe faak mei in soad partijen te krijen om alles yn oarder te meitsjen. As it efkes heakket, dan duorret it langer. Om altyd te wizen nei ProRail is ek net terjochte. Ik tink dat sy echt de yntinsje hawwe om spoaroergongen feilich te meitsjen. Pier Eringa fan ProRail sei altyd: de meast feilige oerwei is gjin oerwei."
Hendrik Sijtsma fan Harns
Hendrik Sijtsma fan Harns © CDA
Ek tinkt Sijtsma dat minsken net mear wend binne oan net befeilige spoaroergongen. "Der is in soad regele yn it ferkear. By in gefaarlik krúspunt waard in rotonde makke of der kamen ferkearsljochten. Dan hoege je minder op skerp te stean, want it wurdt foar je regele. Dan kinne je der minder goed mei omgean. It wurdt je ôfleard om goed út te sjen. Dan komt sa'n net befeilige spoaroergong hiel nuver op minsken oer."