Twa ynsitters ferstoarn by botsing tusken trein en auto yn Boazum

By in oanriding tusken in trein en in auto yn Boazum binne sneontemoarn twa minsken om it libben kaam. It ûngelok barde by de spoaroergong oan de Singel, noardlik fan it doarp. De twa ynsitters binne op it plak sels ferstoarn. Der binne ferskate helptsjinsten oanwêzich. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de oarsaak.
Sneon botsten in auto en in trein yn Boazum:
It giet om in spoaroergong sûnder tafersjoch. It dykje Singel rint allinne mar oant miny-kamping Nij Wybranda ta.

100 meter meinommen

Wurdfierder Bert Sietzema fan de plysje jout oan drok te wêzen mei it ûndersyk. "Wy hawwe noch net in idee hoe't dit krekt barre koe. Wy witte dat in passearjende trein in auto rekke hat. De trein hat de auto sa'n 100 meter meinommen oer it spoar."
Wurdfierder Bert Sietzema fan de plysje
Neffens Sietzema is de plysje ek dwaande om de identiteit fan de ynsitters fêst te stellen. "Wy wolle graach tsjûgen hearre. Wy prate ek mei de kondukteur en dogge ûndersyk nei de spoaren op it plak fan it ûngelok." Dat kin neffens Sietzema noch wol oeren duorje.
Yn de trein sieten njonken de masinist noch trije minsken. "Sy binne net ferwûne rekke. Dizze reizgers hawwe yntusken harren reis ferfette."

Gjin treinen tusken Ljouwert-Snits

Troch de oanriding ride der gjin treinen tusken Ljouwert en Snits. Ferfierder Arriva set bussen yn tusken Ljouwert, Mantgum, Snits-Noard en Snits, mar reizgers moatte rekken hâlde mei langere reistiden. De ferwachting is dat it opûnthâld noch grif oant 16.30 oere duorret. De treinen tusken Snits en Starum ride wol, sa meldt Arriva.
© AS Media

Twadde ûngelok by deselde spoaroergong

Dit is net de earste kear dat der in ûngelok bart by de spoaroergong yn de Singel. Op 8 july 2019 botste dêr ek al in trein op in auto: doe kaam de bestjoerder mei de skrik frij. Nei dat ûngelok joech spoarbehearder ProRail oan dat sy drok binne mei de planfoarming foar it fuortheljen fan spoaroergongen sûnder tafersjoch.
It ûngelok dat yn 2019 barde © CAMJO media / Robert Jan Boonstra
Aldert Baas fan ProRail neamt it deadlike ûngelok by Boazum ferskriklik. "We zijn ondersteboven van de ernst van het ongeluk. Als er mensen omkomen, dan is dat ingrijpend. Wij leven mee met de nabestaanden."
Ek ProRail is yn ôfwachting fan it ûndersyk nei wat der bard is en hoe't dat barre koe. "Het gebeurde op een overweg zonder bomen of bellen. Het is wel duidelijk dat zulke overwegen gevaarlijk zijn en dat we daar vanaf moeten. Dat wil ProRail heel graag, we werken er met man en macht aan."
Aldert Baas fan ProRail
Neffens Baas makket dit slimme ûngelok wol dúdlik hoe gefaarlik ditsoarte spoaroergongen wêze kinne. "Het liefst heffen we overwegen op. Waar het echt niet anders kan proberen we tot bomen en bellen te komen als beveiliging. Dat is hier ook het plan. Die planontwikkeling is gaande, maar helaas hebben we dit ongeluk er niet mee kunnen voorkomen."

Plan foar automatyske befeiliging

Nei it ûngelok yn 2019 wie neffens Baas al dúdlik dat der aksje ûndernaam wurde moast. "Toen hebben we aangegeven dat we met gemeente en provincie in gesprek zijn om tot een plan te komen om deze overweg aan te pakken. Die gesprekken zijn afgerond en inmiddels zijn we in de planuitwerking."
Der leit dus wol in akkoart oer de spoaroergong by Boazum, seit Baas. Der komt in automatyske ynstallaasje dy't de dyk ôfslút as der in trein komt. "Er komt dus beveiliging bij deze overweg. Dus het wordt beter, maar tot die tijd: wees heel voorzichtig."
Het duurt te lang om dit soort overwegen aan te pakken, maar we moeten het samen met overheden en de omgeving doen. We willen graag snel, maar het is vaak ingewikkeld.
Aldert Baas fan ProRail
Mar it eardere ûngelok is al wer twa jier lyn. "Dat duurt inderdaad lang, dat vinden wij ook. Het duurt te lang om dit soort overwegen aan te pakken, maar we moeten het samen met overheden en de omgeving doen. We willen graag snel, maar het is vaak ingewikkeld. We moeten tot goede plannen en financiering komen. "
De spoaroergong yn de Singel © AS Media
Neffens Baas binne der in soad partijen nedich foar sa'n beslút. "Er gaat een wegbeheerder over, maar het is ook een spoorweg. Achter deze overweg ligt een boerderij. Die moet natuurlijk wel bereikbaar blijven. Dus je moet met elkaar echt kijken hoe je tot een goede aanpak komt."