PODCAST Smokkelbern #10: "Ik heb er niet zin in om hier weg"
As lytse Joadske jonge dûkte Heinzi Blumenstein yn de Twadde Wrâldoarloch ûnder by de famylje Dijkstra. Sy wennen mei acht bern op in pleatske oan de Dille tusken Raerd en Easterwierrum. Heinzi waard Hans neamd. Yn it slot fan de rige podcasts dit seizoen syn ferhaal. Hoe't er nei de oarloch mei tsjinsin nei Amearika ferhuze, mar Fryslân noait ferjitte koe.
Beharkje de podcast:
Heinzi Blumenstein siet ûnderdûkt by Johannes en Sjoukje Dijkstra. Nei de oarloch moast er fuort, werom nei syn heit. Dy wenne yn New York. Mei tsjinsin gie Hans fuort. "Ik heb er niet zin in om hier weg. Maar het zal wel moeten", skreau Hans oan syn heit.
Yn 1978 naam Hans, ûnderwilens Amerikaan wurden, wer kontakt op mei syn Fryske ûnderdûkfamylje. Hy kaam útfanhûs, elk jier. Hans ûntduts dat Fryslân syn thús wie.
Mei Sjoukje Dijkstra, bernsbern fan syn pleechâlden, gie er op ûndersyk nei de mienskiplike oarlochsskiednis. Sjoukje en Hans krigen in yntinsyf kontakt. Se hawwe argyfûndersyk dien en tegearre hawwe se presintaasjes hâlden yn Amearika oer de ûnderdûktiid yn Fryslân.
Op 23 maart 2021 is Hans ferstoarn. Op dy dei waard in portret fan Hans mei syn Joadske âlden yn it lân by Easterwierrum pleatst. De iennige foto dy't der fan har trijen wie.

Lês ek:
PODCAST Smokkelbern #1: "Ben ik hier bij Flim?" PODCAST Smokkelbern #2: "Hoor de vrouwen zingen" PODCAST Smokkelbern #3: "Ik heb nooit een Jodenster gedragen" PODCAST Smokkelbern #4: "Ze zijn een leven lang bij me gebleven" PODCAST Smokkelbern #5: "Als we hadden geweten dat we Jopie zo zouden missen" PODCAST Smokkelbern #6: "Moeders" PODCAST Smokkelbern #7: "Ze moest altijd stil zijn" PODCAST Smokkelbern #8: "Ik heb hem in zijn donkerste uren meegemaakt" PODCAST Smokkelbern #9: "Se koenen der noch wol ien by hawwe"Smokkelbern, de podcast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapps en op Spotify. Mear ynformaasje op omropfryslan.nl/smokkelbern.

De podcast Smokkelbern wurdt makke troch Gerard van der Veer en Karen Bies. Der is ek in Fryslân DOK-rige Smokkelbern fan fiif telefyzjedokumintêres, makke troch Gerard van der Veer en Annet Huisman, te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân.
'Smokkelbern' is ûnderdiel fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in gearwurking fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.