Hoe kin it dat der sa faak skippen op brêgen farre op farwei De Lemmer-Delfzijl?

Der is nei alle gedachten gjin inkelde farwei yn Nederlân dêr't faker ûngelokken barre: de haadfarwei tusken De Lemmer en Delfzijl, mei it Prinses Margrietkanaal en it Van Starkenborghkanaal. Der binne ferskate oarsaken oan te wizen, neffens direkteur Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie yn Harns.
Skea by de remmingswurken fan de Foanejachtbrêge nei in oanfarring © SRFotografie
Hoe faak giet it no mis?
"We hienen no trije oanfarringen yn koarte tiid. Mar de lêste fiif jier ha we yn totaal 23 teld."
Hoe kin soks?
"Nei elk ûngelok dogge we ûndersyk. Wat ús opfalt: dizze farwei tusken De Lemmer en Delfzijl hat allegear ferskate brêgen. Hast draaibrêgen, in tafelbrêge, klapbrêgen. Se binne allegear oars. Foar in skipper dy't net bekend is op dizze farwei is dat dreech. It makket it net maklik foar in skipper."
Skippers dy't bekend binne mei dizze farwei, feroarsaakje dizze ûngelokken net. Mar in hiel soad bûtenlânske skippers binne minder goed taret.
Direkteur Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie
Is dat by oare farwegen net sa dan?
"Nee, op it Schelde-Rijnkanaal hast bygelyks oeral deselde brêgen mei deselde hichten. En dizze farwei hjir hat dus ferskate brêgen, dat is histoarysk sa groeid."
Wêrom is it eins lestich foar skippers dat der ferskate soargen brêgen binne?
"It heart net lestich te wêzen, fyn ik. Mar op it stuit ha je net oeral yn Europa deselde oplieding. Fryske en Nederlânske skippers dy't bekend binne mei dizze farwei, feroarsaakje dizze ûngelokken net. Mar in hiel soad bûtenlânske skippers binne minder goed taret. Dy reistarieding moat in yntegraal ûnderdiel wurde fan eksamens yn de skipperij, fine wy. Dat is no noch net sa."
Moandei fear in binnenfeartskip tsjin de brêge oer it Van Starkenborghkanaal by Aduard oan. Snein wie it hommels raak by Garyp, dêr't in oanfarring tusken in kontenerskip en it remmingswurk fan de Fonejachtbrêge wie. En in pear wiken lyn waard de Gerrit Krolbrug yn Grins folslein fernield. Yn de ôfrûne jierren waarden yn Grinslân ek de Paddepoelsterbrug en in brêge by Zuidhorn slachtoffer.
De brêge by Aduard dy't moandei oanfearn is © ProNews
Wat hearre jo fan de skippers nei't se in ûngelok feroarsaakje?
"We hearre benammen dat se dochs in bytsje ferrast waarden. In tafelbrêge, lykas by Aduard, giet yn syn gehiel omheech bygelyks. Dan is it hiel lestich om yn te skatten oftst der wol of net ûndertroch kinst."
"En koartlyn mei de Gerrit Krolbrug yn Grins, dat wienen twa Tsjechyske skippers. Dy brêge hat twa hege ûnderdielen foar fytsers en kuierders, dy stienen op de elektronyske kaart. Mar fan de lege brêge stiene de gegevens net op de kaart. Dy is oanfearn. Dan noch moatte je goed útsjen, mar der siet dus ek in fout op de elektroanyske kaart."
Hoe kin soks?
"Ek dêr is gjin standert foar. Der wurde ferskate kaartsystemen brûkt. Ik wit net wêrom't dizze der net op stie. Dat kin ik ek net neigean. Mar no witte we it en passe we it oan. Dat is by alle ûngelokken sa. We sjogge wat der bard is en wat we deroan dwaan kinne. Sa stadichoan kinst wol sizze dat op dizze farwei de measte ûngelokken fan hiel Nederlân barre."
Direkteur Arjen Mintjes fan Maritieme Academie Harlingen © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Is it kanaal dan wol geskikt foar de skippen dy't derop farre?
"Dêr kinne je yndie lang oer prate. De farweibehearder - dat is Rykswettersteat - docht der fan alles oan om it sa goed as mooglik foarelkoar te krijen. Mei allegear easken: in maksimumsnelheid, in maksimumgrutte en gean sa mar fierder."
Soe it helpe om allinnich mar deselde soart brêgen te hawwen?
"Dêr ha we it ek oer hân. It dan giet om in hiel soad jild fansels. Mar ik wit dat Rykswettersteat dêr rekken mei hâldt, as der in nije brêge komme moat. It is ek net altyd de brêge dy't skansearre rekket. It ûngelok by de Fonejachtbrêge by Garyp bygelyks, ôfrûne snein: net de brêge rekke skansearre, mar de remmingswurken. Dat binne goede beskermingen foar de brêgen. Dat is mar goed ek, want oars hie de hiele Wâldwei derút lein."
Wat is de bêste oplossing foar de grutste problemen?
"Yn alle gefallen: sadree't in 'frjemde' skipper mei in grut skip binnen fart by De Lemmer of Delfzijl, dan moat dy taret wurde. We moatte earst mei de skipper sjen watfoar gefaar oft dy tsjinkomt. Der is al in folderke mei saken dêr't je rekken mei hâlde moatte, mar in bytsje ekstra oplieding soe op syn plak wêze."