Leechstân Noardwâlde nei mear as tsien jier sa goed as oplost

De leechstân yn it sintrum fan Noardwâlde is sa goed as oplost. Trije ûndernimmers út it doarp hawwe de hannen yninoar slein en in leechsteande romte kocht ûnder in appartemintekompleks oan de Hoofstraat-Oost. De romte is opsplitst en wie samar ferhierd oan ûndernimmers út it eigen doarp.
Striid tsjin leechstân yn Noardwâlde
It appartemintekompleks sjocht der noch nij út. It stiet sintraal yn it doarp rjocht foaroer de supermerk. "Het is eigenlijk wel een zichtlocatie", seit Herman van Dijk. Hy is ien fan de trije ûndernimmers dy't de romte kocht ha. "Het stond dertien jaar lang leeg. De projectontwikkelaar had de appartementen vol, maar de winkelruimte niet. Daar werd niets mee gedaan." It wie de trije in stikel yn 'e foet.
© Omrop Fryslân
"We zijn gesprekken begonnen met de projectontwikkelaar en konden het overnemen", seit supermerkeigener en mei-ynvestearder Hasker de Jong. Dat koe om't guon oare ûndernimmers útwreidzje woene.
© Omrop Fryslân
Van Dijk: "Dat bracht eigenlijk een soort domino-effect. De kledingzaak wilde uitbreiden, de computerwinkel daarnaast ook. Nu neemt de kledingzaak die ruimte over en kan de computerwinkel hier opnieuw beginnen." Addo Damhuis fan Any Computers is bliid dat hy de stap sette kin: "Voor wat ik doe is zo'n zichtlocatie ontzettend handig. Dan zit ik daar net iets beter dan hier en kan de kledingwinkel ook door."

Positive wyn

Troch sa alle winsken op inoar ôf te stimmen, is it slagge alle romte op te foljen. It effekt liket folle grutter te wêzen. In neistlizzend pân wurdt ynrjochte foar in makeler en in leechsteand kafee kriget ek in nije bestimming.
Der waait sa in positive wyn troch it doarp, seit De Jong: "Ja, het heeft een hele positieve uitstraling. Er komen klanten uit de wijde omgeving en dat gaat alleen maar meer worden. De leefbaarheid hier wordt vergroot en er komt ook weer een impuls voor het toerisme. Eigenlijk geeft dit alles alleen maar positieve impulsen."
Dêr is Van Dijk it mei iens: "Kijk, het zijn allemaal lokale ondernemers die hun droom waar kunnen maken nu. Ze gaan uit van hun eigen kracht en zijn onderscheidend. De klant op één en de service hoog. Dan weet je mensen te binden."

Noch gjin elektrisiteit, wetter en ynternet

Op it stuit wurdt der noch hurd wurke om alle romtes klear te krijen. De beautysalon giet as earste iepen. Der is allinnich ien probleem: der is gjin elektrisiteit, wetter en ynternet. Van Dijk: "De oude eigenaar heeft dat nooit geïnstalleerd. We hebben goed contact met de nutsbedrijven en hopen dat alles snel aangelegd kan worden."
De ferwachting is dat de earste winkels foar de simmerfakânsje iepen kinne.
Leechstân yn Noardwâlde foar in part oplost