Nije oprop om besuniging op de Wâldsang te skrassen

De besuniging op kultuersintrum de Wâldsang yn Bûtenpost moat skrast wurde. Dat fynt in tal partijen yn de gemeenteried fan Achtkarspelen.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
De kolleezjes fan Achtkarspelen en Dantumadiel ha ferline jier oankundige dat se de stipe oan de Wâldsang stopsette wolle. Dêr kaam in soad protest tsjin. B&W fan Achtkarspelen ha de ried witte litten dat se gjin manier sjogge om it muzykûnderwiis op in oare manier te beteljen.
It CDA, Gemeentebelangen Achtkarspelen en de ChristenUnie tsjinje dêrom in moasje yn dy't opropt om de besunigingen te skrassen en sawat trije ton yn de begrutting foar takom jier op te nimmen foar it muzykûnderwiis yn de gemeente.
Earder wie der al in moasje mei dy strekking fan PvdA en FNP, mar dy krige doe allinnich stipe fan GrienLinks.