HEA! Magneetfiskje yn Boalsert

Alles fan izer helje Tygo, Jamil en Noah út it wetter as se yn Boalsert oan it magneetfiskjen binne. Noah hat in magneet foar syn jierdei krigen en no binne se allegearre ferslingere oan dizze nije hobby. Mei in magneet oan in toutsje helje se de gekste dingen boppe wetter: in hoefizer, in hingslot, mar ek jild. Der bliuwt fan alles hingjen oan de magneten, mar de grutste fangst is dochs wol in âlde fyts.
"Je weet nooit wat je eraan hebt en het is heel leuk."