De Alde Wite fan Bûtenpost oerdroegen oan Stichting Alde Fryske Tsjerken

Stichting Alde Fryske Tsjerken hat de Mariatsjerke fan Bûtenpost oernaam. Mei dit Godshûs der by hat de stichting 54 tsjerken yn behear. De protestantske gemeente fan Bûtenpost ferkeapet it gebou foar in symboalysk bedrach fan ien euro. It giet om in âlde tsjerke: it skip is yn 1496 boud en de toer komt al út de perioade om 1200 hinne.
De Mariatsjerke ('De Alde Wite') fan Bûtenpost © Shutterstock.com (Travel Telly)
In tal frijwilligers fan Bûtenpost komt yn de pleatslike kommisje, sy soargje derfoar dat de tsjerke iepen bliuwt foar tsjinsten en kulturele aktiviteiten lykas muzyk, tentoanstellingen en gearkomsten. It oernimmen is mei mooglik makke troch in bydrage fan de famylje Kapenga.

Histoaryske wearde

De stichting jout oan dat de Mariatsjerke in wichtich gebou is fanwege it ynterieur, mei fiif hearebanken en seis roubuorden út de 18e iuw. Dêrtroch hat de tsjerke in grutte histoaryske wearde.
De tsjerke wurdt yn de folksmûle 'De Alde Wite' neamd. De toer is it âldste part fan de tsjerke, boud om 1200 hinne en ferhege yn de 16e iuw. De toer is yn 1594 en 1956 skansearre troch brân en tonger. De tsjerke sels is yn 1496 yn gebrûk nommen.