Wûnder taskreaun oan pater Titus Brandsma; syn famylje-argyf digitalisearre

In genêzing troch de Fryske pater Titus Brandsma (1881-1942) is as in wûnder erkend troch in kommisje fan teologen yn it Fatikaan. Kardinalen en biskoppen moatte der noch oer gear en as lêste is in definityf oardiel fan paus Franciscus nedich, mar dêrnei kin Brandsma echt hillich ferklearre wurde.
Wûnder taskreaun oan pater Titus Brandsma
It giet om de genêzing fan de Amerikaanske karmelyt Michael Driscoll, dy't 14 jier lyn te lijen hie fan in agressive foarm fan kanker. It bisdom fan Driscoll begûn in gebedsaksje, rjochte op Titus Brandsma. Brandsma sels is al yn 1942 ferstoarn, mar Driscoll hat fan lyts ôf al in grutte devoasje foar Brandsma.

Fan kanker genêzen

De hûdkanker ferdwûn kaam net mear werom: Driscoll is wer oan it wurk yn syn parochy. Hy is genêzen ferklearre. Dy genêzing is troch in kommisje taskreaun oan Titus Brandsma. It is út wittenskiplik eachpunt net te ferklearjen, sa sizze sy.
De resultaten binne nei Rome oerbrocht. "Let us rejoice at the results achieved so far but let us continue to pray to the Lord so that the process will continue happily and we can arrive at the canonization of Blessed Titus Brandsma.", sa skreau de karmeloarder.
Ikoan fan de sillige Titus Brandsma (1881-1942) © Omrop Fryslân

Wa wie Titus Brandsma?

Titus Brandsma waard yn 1881 as Anno Sjoerd Brandsma berne yn Oegekleaster, in buorskip by Boalsert. Hy kaam út in katolike boerefamylje, mar waard sels net boer. As jonkje wie syn sûnens net altyd goed. Op syn alfde ferliet Brandsma de provinsje om nei it gymnasium yn Megen (Noard-Brabân) te gean. Hy waard karmelyt, heechlearaar en publisist. As tige belutsen pryster sette hy him yn foar de emansipaasje fan de katolike tsjerke.
Brandsma kaam iepenlik yn ferset tsjin it nazisme. Begjin 1942 waard hy oppakt troch de Dútsers en swier mishannele. In healjier letter kaam er om it libben yn konsintraasjekamp Dachau. Titus Brandsma waard yn 1985 troch paus Johannes Paulus II sillich ferklearre.

Famylje-argyf yn Boalsert

Dizze wike waard bekend dat der 7.600 euro subsydzje beskikber komt foar it digitalisearjen fan it famylje-argyf fan Titus Brandsma. De subsydzje is jûn troch Archives Portal Europe. It argyfburo fan Ruerd de Vries yn Kollum hat dwaande west mei de ynventarisaasje fan de dokuminten.
"It is aanst digitaal tagonklik foar stúdzje en foar minsken dy't der mear fan witte wolle. Om it hielendal kompleet te krijen hawwe wy subsydzje krigen. It is prachtich dat soks koe," fertelt bestjoerslid Piet Postma yn Boalser.
Bestjoerslid Piet Postma fan Stichting Archief- en Documentatiecentrum voor RK Friesland
It argyf leit by Stichting Archief- en Documentatiecentrum voor RK Friesland yn Boalsert. Yn 1992 is it troch de famylje Hettinga oan it dokumintaasjesintrum jûn. Yn it argyf sitte hûnderten brieven fan Titus oan syn famylje, foto's, gedichten, publikaasjes en oare dokuminten. "Al it materiaal lit sjen dat Titus Brandsma in hiel wichtich man west hat," seit Postma.
Piet Postma fan it RK Argyf Fryslân yn Boalsert
Yn it ramt fan de ferwachte hillichferklearring fan Titus Brandsma stjoert Fryslân DOK it filmportret De hillige Titus Brandsma út, dat Gryt van Duinen yn 2008 fan pater Titus makke. It is te sjen op 29 maaie by NPO2 en op 30 maaie by Omrop Fryslân.