Kollum: "Myn alderlêste: freonen en freondinnen, tige tank!"

Oan alle goeie dingen komt in ein, en ek oan alle minne dingen. Miskien ha jim der wat fan meikrigen, mar as dat net sa is: dit is myn lêste kollum foar de Omrop. De programmearring wurdt feroare, en dat betsjut ek dat der oare kollumnisten komme.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Seis jier ha ik by jim op 'e tee of op 'e de kofje west, by jim op bêd lein of yn de bedriuwsbus sitten dy't oer de Ofslútdyk jakkere. Soks nûget út om ris op werom te sjen. Seis jier is 2.190 dagen, 52.560 oeren dêr't fan alles yn bart. Doe't ik omsneupte yn dy eardere kollums die dat ek bliken. Myn earste praatsje gie oer de útspraken fan Henk de Jong, doe yn syn earste perioade as trainer fan Cambuur. Hy hie krekt it nijs helle mei de opmerking dat guon spilers better in stik út de broek knippe kinnen hiene en spylje yn in rokje: Henk wie wat teloarsteld nei in minne prestaasje.
Duorsumens wie ek rillegau in tema, sa bliek, doe't ik it oer de wankband hân ha, de saneamde rukbân om skjinne enerzjy mei op te wekken. Dat smiet oan de ein it folgjende gedichtsje op: Jaap Zondernaad, een heel pienter baasje/ving zijn zaad altijd op in een borrelglaasje/en had Jaap eenmaal geloosd/dan sprak hij eerst plechtig: Proost!/want voor Jaap was recycling niet zomaar een rage.
Taal en identiteit ha ek gauris oan 'e oarder west, it belang en de wearde fan dat wat unyk en oarspronklik is. Dêroan keppele ha ik ek ferskate kollums oan it gefaar fan it opheffen fan de provinsje bestege, oan it opheffen fan Omrop Fryslân, dat as stjoerder opgean moast yn in mediabedriuw dat yn Grins fêstige wurde soe.
Sa hat religy en de útwaaksen dêrfan ek in lyts read triedsje west. Dat gie fan The Passion, as in sirkus fan Fariseeërs, nei de beruchte âldjiersnacht fan 2015/2016, doe't yn ferskate Europeeske stêden froulju oantaast en ferkrêfte waarden, nei de kwestje fan selsbeskikkingsrjocht as it oer in foltôge libben gie. De orgaandonaasjewet wie dêrmei anneks, krekt as de Frouljusbibel en de Jezusbus by Dokk'em Open Air.
De hoanne fan it Kallemoaifeest is foarby kaam, lykas dy ferrekte neefkes op de sliepkeamer en de wolf dy't werom is. Ik ha it hân oer doarpsminsken mei in bynamme, oer beammen as symboal fan it libben, oer de rol fan humor en myn pleit fandatoangeande foar it oanstellen fan in Nar des Vaderlands. Yn dat ferbân sitearre ik de útspraak as in man in hiele kokosnút opyt, hat dy wol fertrouwen yn syn anus fan Robert Mugabe.
Fan thússoarch en hûdhonger nei stilbertes, fan silikoaneboarsten as heliumballonnen nei de mannepil en it firus, dat as in dief samar alles fuortnimme kin dat jo kostber is. It gehiel dat libben en dea útmakket ha ik mei jim bepraat.
Dat hat altyd in bulte reaksjes opsmiten, linksom of rjochtsom, en dêr wol ik jim foar betankje. Sûnder jim hie ik it net mei safolle wille dien. Freonen en freondinnen: tige tank!"