6 Fryske aspekten oan it Eurovisie Songfestival: fan Mata Hari oant technyk

It Eurovisie Songfestival liket yn earste ynstânsje miskien net safolle mei Fryslân te krijen te hawwen. Dit jier hat it spektakel op syn minst meardere Fryske aspekten. Fan Mata Hari oant en mei in Fryske 'delegation host': Fryslân komt, hoe dan ek, werom yn de finale dizze sneontejûn. Wy sette alles foar dy op in rychje.
© Omrop Fryslân
Ljouwert en Nannewiid yn postcardfideo's
Us eigen provinsjehaadstêd wie yn de earste heale finale werom te sjen yn in postcardfideo. Hast trije miljoen Nederlanners seagen de Ljouwerter 'Love'-fontein skitterjen op Europeeske telefyzje. Ek binne yn febrewaris opnamen makke fan it natueriis by it Nannewiid foar in postcardfideo. Dy bylden wienen ôfrûne tongersdei te bewûnderjen yn de twadde heale finale. Ek Skiermûntseach kaam foarby.
Mata Hari © Fries Museum
Azerbeidzjan sjongt fan Mata Hari
Azerbeidzjan hat dit jier in ynstjoering mei in Fryske ynfalshoeke. Dy ynstjoering giet oer de Fryske spionne Mata Hari. Dit ferske skoart yn ferliking mei de rest fan Nederlân yn ús provinsje dan ek it heechst. Dit wie werom te sjen yn de beoardielingssifers op de Songfestival-app.
© Sjoukje de Vries
Knipt foar de rol
Hierstyliste Sjoukje de Vries soarget foar it hier fan de artysten en dûnsers. Dat docht se foar de lannen Italië, Roemenië, Kroäsië en Ruslân. Dizze jûn mei se noch in kear, Italië en Ruslân steane nammentlik yn de finale.
Unike staazje
Jurjen Dijkstra, Koen van den Bergh, Tim Jansen en Oedsen van der Ploeg krigen in bûtenkâns op staazje. De fjouwer Fryske studinten fan ROC Friese Poort út Drachten holpen mei oan de opbou fan it evenemint. De jonges rinne staazje by de Fryske firma Faber Audiovisuals.
Tjalina Nijholt © Tjalina Nijholt
Fryske songfestival-assistint
Tjalina Nijholt har dream komt út: sy is 'backstage assistant' by it Eurovisie Songfestival. Sy soarget derfoar dat Georgië, Kroäsië en Italië op 'e tiid klear stean.
Fryske audiofisuele technyk
It Fryske bedriuw Faber Audiovisuals út Sint-Anne fersoarget alle LED-screens, fideoprojeksjes , mediaservers, telefyzjesirkwys en de fideocrew. It Fryske bedriuw is spesjalisearre yn grutte produksjes op it mêd fan audiofisuele technyk.