Stellingwerver skriuwer krijt Sulveren Anjer fan Prinses Beatrix
Skriuwer Johan Veenstra út Nijeholtpea krijt in Sulveren Anjer fan prinses Beatrix. Veenstra is de iennichste fulltime skriuwer yn it Stellingwarfsk. Hy skriuwt al fyftich jier yn dy streektaal.

De Sulveren Anjers wurde sûnt 1950 alle jierren útrikt oan minsken dy't har frijwillich en ûnbetelle ynset hawwe foar de kultuer of natuer yn it Nederlânsk keninkryk. Oant syn ferstjerren yn 2004 rikte prins Bernhard de ûnderskiedingen út. Yn 2005 naam prinses Beatrix dy taak oer.
De Anjers gean dit jier nei Barend van Benthem, Janine en Joop van den Ende en Johan Veenstra. Van Benthem krijt de Anjer foar syn kennis fan Nederlânsk tafelsulver. De Van den Endes sette har al jierren yn foar teäter, muzyk en keunst.
Van belang voor streekliteratuur
Veenstra skriuwt yn it Stellingwerfs. "Hij is daarmee van belang voor de ontwikkeling van literatuur in het Stellingwerfs en van streekliteratuur in het algemeen", meldt de Ryksfoarljochtingstsjinst yn in parseberjocht.
De lêste kear dat der in Sulveren Anjer nei in Fries gong, wie yn 2017. Doe gong de priis nei Pieter Breuker, foar syn ûndersyk nei de sportskiednis yn relaasje ta keunst, taal en kultuer.
It is de tredde kear yn koarte tiid dat Veenstra in priis krijt. Begjin dit jier is er beneamd ta eareboarger fan de gemeente Weststellingwerf. En ein foarich jier wûn er de Rink van der Veldepriis, foar syn boek Vroeger is veurgoed veurbi'j. It wie foar it earst dat dy priis takend waard oan in boek dat yn in streektaal skreaun is.
De Anjers wurde op freed 4 juny útrikt yn it Keninklik Paleis op De Dam yn Amsterdam.
Jierren lyn wie Geert van Tuinen thús by Johan Veenstra.