Oranje mei trije Snitsers pleatst foar EK follybal: 'Wij zijn de Waterpoortkrijgers'

Fan de Wetterpoarte en de Snitswike hat de Italiaanske bûnscoach fan de Nederlânske follybalmannen, Roberto Piazza, nei alle gedachten noch nea heard. Mar de takomst fan Oranje leit sûnt koart foar in grut part yn hannen fan Snits.
"We maken er grapjes over"
Mei de 22-jierrige Gijs van Solkema hat Oranje al in skoftke in Snitser yn it team en sûnt twa wiken hearre de 20-jierrige Bennie Tuinstra en de 26-jierrige Steven Ottevanger der ek by. De manlju neamen harrensels ek wol de 'Waterpoortkrijgers'.
It trijetal ken inoar al in hiel skoft. Ottevanger hat yn de jeugd by VC Snits sels efkes de trainer west fan Van Solkema. "Ik ben ooit begonnen bij VC Sneek in de jongens C. De moeder van Steven was daar trainer en Steven assisteerde vaak. Dus dat is wel een grappig verhaal. Dat we nu samen bij Oranje zitten", seit Van Solkema.

Oprop

Tuinstra en Ottevanger, dy't yn it krekt ôfrûne seizoen beide by Lycurgus yn Grins spilen, hiene de oprop fan de bûnscoach net ferwachte. "Ik had in eerste instantie niet verwacht dat ik op de long list zou staan", seit Ottevanger. "Even later was het: jullie gaan mee naar Kroatië. Het ging zo snel. Dat besef je eigenlijk helemaal niet."
Ek by syn plakgenoat Tuinstra moat it allegearre noch in bytsje ynsinke. "We hebben heel vaak: oh shit, het gebeurt gewoon echt nu. Dat besefmomentje dat komt pas later als je op de kamer zit met elkaar: wat is dit vet man, dat we gewoon samen hier staan", seit Tuinstra.
© Orange Pictures
Yn de EK-kwalifikaasjerige moast Nederlân it opnimme tsjin Kroäsië en Sweden. De 'hinnewedstriden' wiene yn Kroäsië en de returns yn Apeldoorn. Oranje wûn de earste trije wedstriden relatyf ienfâldich en wie dêrmei foar de lêste wedstriid al wis fan pleatsing foar it EK.
Tuinstra mocht yn dy wedstriden twa kear ynfalle en ek snein krige hy wer spyltiid. De 'passer-loper' kaam yn de twadde set yn it fjild en mocht de rest fan de wedstriid stean bliuwe. "Ik had dat helemaal niet verwacht, maar ik ben wel superblij dat het zo goed gaat en dat ik superveel vertrouwen van de coach krijg. Daar ben ik heel blij mee", seit Tuinstra.

Ottevanger yn de wachtkeamer

Hoewol't je by follybal ek in ynterlân op je namme krije as je op de bank sitte, wachtet Ottevanger noch wol hieltyd op syn 'echte' debút. Ek yn de lêste wedstriid tsjin Kroäsië siet in ynfalbeurt der net yn. "Ik vind het helemaal oké", seit Ottevanger. "Natuurlijk wil ik graag spelen, maar ik kan ook het belang van het team zien. Ik wil ook graag winnen. Als hij (Just Dronkers, red.) dat op dit moment beter kan doen dan ik, dan vind ik dat helemaal prima."

Snitser basis

"Ik leer enorm veel van de trainingen, dus daar doe ik enorm m'n best. Ik merk dat ik nu alweer stapjes vooruit maak. Ik kan me zeker ontwikkelen en hopelijk krijg ik binnenkort ook wat speeltijd", seit Ottevanger.
Miskien is dat dan wol op it EK, dêr't de basis samar ris foar de helte út Snitsers bestean kin. "Ja, dat zou wel leuk zijn hè. Bij de dames ook nog twee uit Sneek. Dus dat is wel grappig. Het zou harstikke leuk zijn. Als we gewoon lekker doortrainen en het goed blijven doen: wie weet", seit Van Solkema.
It Europeesk kampioenskip wurdt fan 1 oant en mei 19 septimber spile yn Poalen, Tsjechië, Estlân en Finlân. De lotting foar it toernoai is op 27 maaie yn Helsinki.