Moment suprême foar Fryske Songfestival-assistint: "Hiel spannend"

It wurdt in spannende wike foar Tjalina Nijholt fan Boalsert: sy is backstage assistant by it Eurovisie Songfestival yn Rotterdam. It wie har dream om by de liveshows te wurkjen en dy dream komt op dit stuit út: "Je krije no wol echt it Songfestival-gefoel. Alle teams binne der, it begjint te libjen."
Tjalina Nijholt © Tjalina Nijholt
It binne lange dagen, fertelt Tjalina. "Mar wy steane no oan de start fan de echte shows. Dizze wike binne de heale finalen en de finale, dêr moat foar repetearre wurde. Ik moat derfoar soargje dat de lannen Georgië, Kroasië en Italië op de juste tiid op it goeie plak stean. Der sitte echt mar 40 sekonden tusken de optredens, dus it moat hiel rap. Hooplik giet it goed."

Hurd drave

De earste repetysjes giene goed, fertelt sy. "Dan kinne je echt sjen hoe't it giet mei it lûd en ljocht. Mar it moat aanst yn it echt. Ik bin strang, mar de artysten lústerje goed. Ik haw goede skuon oan, dus ik kin hurd drave."
© ANP
Yntusken is dúdlik wurden dat der by ferskate teams minsken posityf test binne op it coronafirus. It giet om de delegaasjes fan Poalen en Yslân. Roemenië en Malta moatte ek yn karantêne, om't sy yn itselde hotel sieten.
It is wol spannend oft sy aanst op it poadium stean kinne.
Tjalina Nijholt
It is noch ôfwachtsjen of de lannen echt optrede kinne. Mooglik wurde der back-up tapes brûkt dy't earder yn Ahoy opnommen binne. "It is wol spannend oft sy aanst op it poadium stean kinne," seit Tjalina.

Alle twa dagen test

Ek efter de skermen is de organisaasje wach op it firus. "Wy wurde alle 48 oeren test, ik haw fan 'e moarn ek wer in test hân. As der ien posityf test wurdt, moatte je fuort yn karantêne en folgje ekstra testen. Dus sy binne der drok mei dwaande, hooplik giet it allegearre goed."
Tjalina Nijholt fertelt oer har ûnderfiningen mei it Songfestival
De artysten binne oant no ta hiel aardich, seit Tjalina. "Der spylje noch gjin stjer-allueren. Mar eltsenien wurket mei sa'n soad passy, dat is hiel moai om mei te meitsjen."