Omrop Fryslân komt mei in nij lûd op de radio

Fjouwer folslein nije en diels fernijde programma's, oanpaste tiden en oare presintatoaren op oare mominten: Omrop Fryslân komt oer goed twa wiken, op moandei 31 maaie, mei in nije radioprogrammearring op wurkdagen.
We sette alles op in rychje:
Fryslân fan 'e moarn (6.00-9.30 oere)
It populêre moarnsprogramma Fryslân fan 'e moarn mei Jacob Stelwagen en Jantine Weidenaar duorret tenei in healoere langer en giet dêrmei troch oant healwei tsienen. "Wy hawwe wiidweidich sjoen nei de harksifers by de radio en sjogge dat in hieltyd gruttere groep harkers ek nei njoggen oere ferlet hat fan nijs en ynformaasje. Mei dizze oanpassing komme wy har yn 'e mjitte", seit Ingrid Spijkers.
No derfoar! (9.30-12.00 oere)
Hielendal nij is it programma dat dêrnei folget fan 9.30 oant 12.00 oere: No derfoar!, presintearre troch Harm Weistra. Dit wurdt in programma mei in protte muzyk, ôfwiksele mei nijsgjirrige ûnderwerpen en gasten. "Noch mear as no ynvestearje wy dêrmei op de moarn, omdat wy witte dat der dan in protte minsken harkje", ferklearret de haadredakteur.
We komme mei ûnderwerpen dêr'tst fan tinkst: dat wol ik wol efkes witte!
Haadredakteur Ingrid Spijkers
"In protte minsken binne om dy tiid hinne fansels oan it wurk, of thús drok oan de gong. Wy wolle dêr by oanslute mei goeie muzyk, mar ek mei ûnderwerpen dêr'tst fan tinkst: 'dat wol ik wol efkes witte!'" Muzyk yn bedriuw op dit plak ferdwynt, mar omtinken foar bedriuwen en ynstellingen bliuwt der wol, bygelyks yn it nije ûnderdiel 'de businesskwis', wêrby't Fryske bedriuwen tsjinelkoar stride.
© Omrop Fryslân
No yn Fryslân (12.00-13.00)
In fêste wearde by Omrop Fryslân op de radio is en bliuwt it nijs en it waar fan Piet Paulusma tusken de middei, yn No yn Fryslân, mei Tiete Sijens en Simone Scheffer.
Goeiemiddei (13.00-16.00)
It programma dat dêrop folget is wol wer nij: Goeiemiddei, mei Diana de Groot en Johan Terpstra: in noflik middeismagazine mei muzyk, mar ek ferskate wikseljende ûnderdielen en gasten.
Underweis (16.00-18.00)
Ta beslút fan de middei is der Underweis, ôfwikseljend presintearre troch Eric Ennema en Jan Dirk de Haan, mei in goeie miks fan de it nijs fan de dei, eftergrûnen by it nijs en muzyk.
De band Wiebe yn de Noardewynstudio fan Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
Noardewyn: tenei alle wurkdagen (18.00-19.00 oere)
Presintator Willem de Vries krijt yn de nije programmearring in deistich plak foar syn programma Noardewyn, tusken 18.00 en 19.00 oere. Oant no ta wie dit programma der allinnich op freed. It deistich programmearjen fan Noardewyn is in hiele bewuste en miskien ek wol wat eigenwize kar, seit Spijkers. "Omrop Fryslân wol hiel graach in poadium biede foar muzyk dy't yn Fryslân makke wurdt."
Willem hat der nocht oan: "Noardewyn is echt it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei muzyk yn de breedste sin fan it wurd. Fryske bands, trûbadoers, dj's, mar ek dichters, Noardewyn lit it allegear hearre, faak live yn de studio."
© Omrop Fryslân
Op en Ut mei duo-presintaasje (9.00-12.00)
It skema fan de radio yn it wykein feroaret foarearst net. Wol klinkt de sneontemoarn tusken 9.00 en 12.00 oere krekt wat oars.
It goed beharke Op en Ut wurdt tenei presintearre troch in duo: Douwe Heeringa en Roelof Lousma. Tegearre behannelje sy in ferskaat oan foarstellingen en útstallingen en oare ûnderwerpen op it mêd fan kultuer yn Fryslân.

Bêst beharke stjoerder

Omrop Fryslân heart al jierren by de bêst beharke stjoerders fan Fryslân. "It oantal radiostjoerders is de lêste jierren fansels wol bot tanommen," seit Ingrid Spijkers. "Mar tagelyk sjogge wy dat der net ien stjoerder is dy't alle dagen safolle Friezen berikt as Omrop Fryslân. Troch no te kommen mei in frisse en prikkeljende nije programmearring ferwachtsje wy dat wy ús merkoandiel ek stadichoan wer groeie sil."

Nije jingles en nije slogan

Omrop Fryslân klinkt mei yngong fan 31 maaie ek letterlik nij: tagelyk mei de nije programmearring wurdt in hiel nij pakket oan jingles en tunes yn gebrûk nommen, mei ek in nije slogan: "Alles wat der spilet".
"Dat is yn in pear wurden wat Omrop Fryslân radio dwaan wol", ferklearret Ingrid Spijkers. "Breed hearre litte wat der spilet yn Fryslân, nijs, sport, kultuer, polityk, eftergrûnen én dat ôfwikselje mei noflike muzyk. En dêrby is eltsenien wolkom, fan jong oant âld. Wês wolkom, ofwol sa't in protte Friezen by de doar sizze: Kom (mar) fierder!"