Noarderljocht te sjen op de eilannen: "We hadden het al niet meer verwacht"
Op ferskate plakken yn Fryslân wie yn de nacht fan woansdei op tongersdei even it noarderljocht te sjen. Benammen eilanners diele foto's fan it ferskynsel. "We hadden het al niet meer verwacht", fertelt Sytse Schoustra fan Skylge.
Waarfotograaf Schoustra siet der klear foar op it strân, want it wie oankundige dat it noarderljocht mooglik te sjen wie. Mar lange tiid foel it wat ôf, fertelt er. "We zouden net weg om middernacht. Toen brak het net uit, dus we zijn toch maar even blijven staan."
Tsjuster en net berûn
Je moatte it wat treffe mei de omstannichheden, fertelt Schoustra. It moat yn alle gefallen tsjuster en net berûn wêze. "Een voordeel hier op Terschelling is dat je nauwelijks lichtvervuiling hebt. Het is echt donker." Mei it bleate each wie it noarderljocht te sjen en Schoustra krige it ek op kamera.
It noarderljocht hat te krijen mei de aktiviteit fan de sinne. Dy hat somtiden útbarstingen, dy't ek wol sinnestoarmen hjitte. Dan wurde der yn ien kear in hiel soad laden dieltsjes it hielal ynslingere. It poalljocht ûntstiet trochdat de dieltsjes mei in hiel soad snelheid botse mei stikstof- en soerstofdieltsjes.
Meastentiids is it noarderljocht - aurora borealis - allinnich te sjen yn gebieten by de poalsirkel. Soms sakket it wat nei it suden. Foardat it te sjen is, moatte de waarsomstannichheden geunstich wêze.
2015 foar it lêst goed te sjen
Neffens Schoustra is it twa jier lyn dat er it noarderljocht foar it lêst seach fanôf it eilân. "Dus het komt niet heel vaak voor. En het was ook niet heel duidelijk te zien. Dat was in 2015 wel zo, toen was het echt goed zichtbaar."