'Radio Moanneljocht' mei Tryater: Jeannette Boskma

De kommende dagen stiet Omrop Fryslân 'radio om middernacht yn it ramt fan Radio 'Moanneljocht'. In projekt yn gearwurking mei Tryater dêr't tsien skriuwers har yn ynspirearje litten troch de Tryater-foarstelling Nacht. Dizze foarstelling lit sjen wat Fryslân wekker hâldt. De skriuwers hawwe harren dwaande holden mei fragen as: 'Wêr tinksto oan flak foar it sliepen gean?' En: 'Wat sjocht de moanne, as sy nei ûnderen sjocht?
Moanneljocht © Tryater
Yn tsien ôfleveringen litte skriuwers harren teksten hearre om minsken yn it moanneljocht te setten. Yn dizze ôflevering komt skriuwer Jeannette Boskma oan bar.
'Radio Moanneljocht' - Jeannette Boskma