"Wetterskip en provinsje moatte ferantwurdlikens nimme by skea troch leger wetterpeil"
Bewenners yn it feangreidegebiet dy't lêst hawwe fan skea troch in ferleging fan it wetterpeil, moatte folle makliker oanspraak meitsje kinne op kompensaasje. De provinsje en Wetterskip Fryslân moatte mear jild beskikber stelle foar skea oan huzen en ek harren ferantwurdlikens nimme. Dat fynt Jan Dogterom fan de partij 50Plus yn it Wetterskipsbestjoer.
Omkearde bewiislest
Ferantwurdlikens
Op de kommisjegearkomste fan Wetterskip Fryslân wurdt tiisdeitejûn praat oer de feangreideproblemen. Dogterom hat it op de aginda set om't er tinkt dat it wetterskip en de provinsje ferantwurdlik steld wurde kinne foar de problemen dy't wenningeigeners yn it feangreidegebiet hawwe mei bygelyks fersakkingen en de fundearring.
Yn it feangreidegebiet yn Fryslân hawwe in soad huzen lêst fan fundearringsproblemen. Ien fan de oarsaken is it ferleegjen fan it wetterpeil. Dêrtroch komt by guon huzen de fundearring drûch te stean. De koppen kinne rotsje en dan fersakket it hûs. Juristen fan Wetterskip Fryslân stelle dat eigeners sels ferantwurdlik binne foar de fundearring, mar neffens Dogterom is dat net perfoarst it gefal.
Omkearde bewiislêst
De 50Plus-fraksjefoarsitter kriget stipe fan professor Jan van Dunné, emearitus-heechlearaar privaatrjocht. Neffens Van Dunné kin in ferlyk makke wurde mei de problemen troch de gaswinning yn Grinslân. Dêr hoecht de boarger yn it gaswingebiet net te bewizen dat syn skea troch de gaswinning komt. Hjir soe dat ek kinne, sa is syn analyze.

De provinsje draacht as wetterbehearder ferantwurdlikens foar skea feroarsake troch it skeinen fan de feilichheidsnoarmen, stelt Van Dunné. Dat hâldt yn dat ien dy't skea hat, in kâns makket as de saak foarlein wurdt oan in sivile rjochter.
Romme kompensaasje
Neffens Dogterom moat it safier net komme. Hy wol dat de provinsje en it wetterskip iepenheid fan saken jouwe en romhertich omgean mei kompensaasje. Der moat in soarte fan skeafûns komme en dêr moat it prinsipe fan omkearde bewiislêst foar jilde. Dat moat it foar de boarger makliker meitsje om in berop te dwaan op de skearegelingen.
It giet om al gau tûzenen huzen. De skea berint fan in pear tûzen euro oant yn de tonnen. Wetterskip Fryslân skriuwt yn in reaksje dat it peilbeslút 'onherroepelijk' is. Dat betsjut dat it rjochtmjittich is en dat it wetterskip goed hannelet as it peilbeslút neistribbe wurdt. Der wurdt dan ek gjin rekken hâlden mei de ferplichting om skea te beteljen.