Keninginne Máxima sjocht dat Fryske basisskoallen mear omtinken jouwe oan muzyk

Keninginne Máxima wie moandei yn Bourtange (Grinslân) om te pleitsjen foar better muzykûnderwiis. Dit die se yn it ramt fan it projekt '50 dagen muziek' fan stichting Méér Muziek in de Klas, dêr't Máxima earefoarsitter fan is. De Fryske sjongeres Elske DeWall mocht har ferzje fan it bekende nûmer In Nije Dei foar de keninginne sjonge.
Sa sjongt Elske deWall foar Máxima
Oeds Westerhof is ambassadeur fan de stichting yn Fryslân. Neffens him is Fryslân op de goeie wei wat muzyk yn it basisûnderwiis oanbelanget: "Wy woenen dat de skoallen harren eigener fielden fan de opjefte om te wurkjen oan mear muzyk yn de klasse. It begjint by skoallen: as dy net wolle, bart it ek net. Der is in protte wurk ferrjochte, sadat der in akkoart kaam wêryn't in soad skoallen ferklearren om muzyk wer echt op te nimmen yn harren belied. It koste in protte tiid om yn beweging te bringen, mar de effektiviteit is dêrtroch wol folle grutter."
Dy oanpak hat neffens Westerhof fertuten dien: "We hawwe in enkête holden ûnder de skoallen en goed 60 persint seit folle mear tiid oan muzyk te besteegjen. De learkrêften jouwe boppedat oan dat se der in protte wille yn hawwe en dat is fansels it wichtichste."
Oeds Westerhof oer it projekt
Keninginne Máxima wie moandei yn Bourtange yn Grinslân by de ûndertekening fan in konvenant dat mear omtinken freget foar struktureel muzykûnderwiis. Der wienen optredens fan bandsjes fan skoalbern, taspraken fan fertsjintwurdigers út de noardlike provinsjes en Elske DeWall song as muzikale ambassadeur fan it projekt Méér Muziek in de Klas it nûmer In Nije Dei.
Der wie mear muzyk út it Noarden by de besite fan Máxima yn Grinslan. Under oare Hannah Mae út Drinte liet fan har hearre, en de Grinzer muzyklearaar Michael Hiariej trede ek op mei syn skoalband.
Sjoch hjir nei de bylden fan RTV Noord: