Wurdt Floris it earste Fryske hynder ea op in WK dressuer?

It soe foar it earst wêze: in Frysk hynder op in WK dressuer. As it oan Lisa Minkema fan De Rottefalle leit, stiet sy ynkoarten mei har 5-jierrige Floris yn de baan om op it heechste nivo harren keunsten te fertoanen. "Ik wol bewize dat it Fryske hynder al lang gjin 'karrepaard' mear is."
Wurdt Floris it earste Fryske hynder ea op in WK dressuer?
Sûnt dit jier wurde de Friezen, tradisjoneel mear wurkhynders as sierhynders, talitten by dressuerwedstriden. Om op it WK te stean, moatte Lisa en har hynder Floris ferskate foarrondes ride. It twatal is de earste foarronde mei gemak trochkaam. Letter dizze moanne folget de twadde en lêste foarronde.

Wenne foar de sjuery

"Fryske hynders waarden hiel lang noch altyd as 'karrepaard' sjoen", fertelt Lisa, "mar se binne tsjintwurdich folle lúkser." Dochs moatte in soad sjuerys noch wat wenne oan it Fryske hynder, fernimt Lisa. "It is in hiel oare wize fan bewegen. Mar gelokkich wurde Fryske hynders hieltyd mear as dressuerhynder sjoen."
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Om te bewizen dat Floris like goed is as syn KWPN-kollega's is Lisa útnûge foar in trainingsdei fan de Nederlânske dressuerbûnscoach. "Op dizze dei moatte wy in proef dwaan. Hooplik komme wy dan op 'e kandidatelist foar it WK foar jonge dressuerhynders."

Meidwaan om de prizen

Lisa hat alle betrouwen yn har Floris. "Ik tink dat wy in hiel grutte kâns meitsje, mar wy moatte it noch sjen litte. It is ôfwachtsjen, mar ik ha der in goed gefoel oer. Ik hoopje dat Fryske hynders oer fiif jier echt meidogge om de prizen."
Lisa Minkema en har Floris