Skiermûntseach is yn 'e ban fan stroomkabels: 'Lêste wurd noch net sein'

De striid tsjin de stroomkabel troch Skiermûntseach is yn it doarp op it eilân merkber. Sa hawwe ynwenners bygelyks posters foar de ruten hingjen mei de tekst 'Hier niet graven.' De plannen om in stroomkabel fan in wynpark op de Noardsee dwers troch it eastlike part fan it eilân te lizzen docht hast eltsenien sear. De wurkgroep Horizon Schiermonnikoog keart him bot tsjin de plannen. Ek boargemaster Ineke van Gent wol it net, salang't oare opsjes net goed ûndersocht binne.
It eilân is yn 'e besnijing fan de stroomkabel
Op it stuit lizze der twa mooglike rûten foar de stroomkabel op de tekentafel. De iene rûte wurdt de eastlike trasee neamd en giet om it eilân hinne. De oare rûte wurdt it westlike trasee neamd en dy giet troch Skiermûntseach hinne.
It ministearje fan Ekonomyske Saken en Tennet, dy't ferantwurdlik is foar de kabel, wolle graach dat de kabels by de westlike opsje del rinne, mar dêr is in soad protest fan natuerorganisaasjes, de regionale polityk en de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog.
© Omrop Fryslân
Thom Verheul is as bewenner en aksjefierder is in petysje begûn dy't al mear as 18.000 kear tekene is. It binne net allinnich de minsken op Skier dy't ûngerêst binne. As de rûte troch it eilân giet, dan hat dat neffens Verheul gefolgen foar de ekologyske systemen. "De kabels gaan door hoge duinen. Als je dat zand weghaalt dat er al eeuwen ligt en ons beschermt bij storm, dan kun je dat nooit op dezelfde manier terugleggen. Het is net als een zandkasteel, als er water tegenaan komt stort het in elkaar", fertelt hy.
Thom Verheul fan de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog
De tsjinstanners hawwe sels ek saakkundigen rieplachte. "Zij verklaarden: let op, het is een uniek gebied, je maakt alles kapot en het is niet herstelbaar. Er zit een grote kolonie lepelaars en het gebied wordt heel kwetsbaar voor grote stormen. Door het graven van twee diepe kanalen voor de kabels verzwakken de bodem en de duinen. Met een flinke novemberstorm kun je een deel van het eiland verliezen."

Kanaal fan 50 meter breed

It giet ek om flinke kabels, seit Verheul. "Het zijn zware kabels van 24 centimeter breed, die acht meter diep moeten komen. Daarvoor moet een kanaal gegraven worden van 50 meter breed. Er komen daardoor twee hele zwakke plekken in de zeewering."
As de aksje net slagget, wol Verheul mei Natuurmonumenten en de Waadferiening nei de rjochter stappe.
Thom Verheul fan de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Neist dat der in stik fan it eilân weispiele kin, kinne bisten ek fersteurd wurde. Sa komt de kabel troch in gebiet dêr't leppelbekken en mokselbanken libje.
De saneamde West-fariant is de rûte der't TenneT no foar kiest. Der wennet net in minsk mar it is wol in kwetsber natuergebiet en just dêr sitte de soargen, want it is net efkes in kabeltsje dat yn in slûf groeven wurdt. Der komt hiel wat by sjen om de wynmûnen te ferbinen mei de de Eemshaven.
TenneT en Den Haag kinne neffens boargemaster Ineke van Gent noch sa hurd roppe dat de kabel troch it eilân komt, mar it is noch net definityf. "Dat is tegen het regio-advies in en ze zullen het willen vanwege geld en tijd", seit Van Gent. "Maar er wordt nog veel onderzocht en het laatste woord is er nog niet over gesproken".

"Bezint, eer ge begint"

Ek foar de takomst is dizze diskusje wichtich, seit de boargemaster. "Want er is ontwikkeling van nog veel meer windmolenparken op zee. Dus doe het dan in één keer goed. Want je kunt niet duurzame energie opwekken, waar ik hartstikke voor ben, maar tegelijkertijd grote risico's nemen als het gaat om het UNESCO Werelderfgoed Waddenzee en het Nationaal Park Schiermonnikoog. Dus: bezint, eer ge begint."
Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach
Dat der in kabel komme moat is wis. Dat der mear duorsume enerzjy komme moat is ek dúdlik. Dêr sit ek it dûbelde, want ek it riedslid is net perfoarst tsjin wynenerzjy. It is benammen de ûnmacht, it feit dat de lokale oerheden net wat te sizzen hawwe oer hoe, wat en wêr yn harren eigen gebiet.
Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach
Boargemaster Van Gent sit yn it regio-oerlis mei de provinsjes Fryslan, Grinslân en gemeenten op it lân, sy kinne advys jaan mar beslute net want de regio kiest foar de eastlike rûte en Tennet beslût foarearst dat it de westlike rûte wurdt.
Riedslid Ilja Zonneveld fan Schiermonnikoogs Belang © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Foardat de definitive kar falt foar de komst fan de kabels, lizze likegoed de gemeentlike polityk en de wurkgroep harren noch net del by it beslút fan Den Haag. Sy binne fan doel om de kommende tiid noch fan har hearre te litten.
Riedslid Ilja Zonneveld fan Schiermonnikoogs Belang
"Het wordt het Astrix en Obelix-verhaal, of David en Goliath. We blijven heel hard roepen totdat Den Haag ons hoort. Dat deden we met de plannen voor de gaswinning hier op het eiland en dat gaan we nu ook doen", seit riedslid Ilja Zonneveld fan Schiermonnikoogs Belang.

David tsjin Goliath

De rol fan de gemeente is lyts, seit Zonneveld. "Wij zijn een lage overheid bij dit soort dingen. We mogen alleen onze zienswijze indienen. We hebben heel hard geroepen dat we oost willen. Iedereen roept: alsjeblieft, pak oost. Dat is het enige logische, zeker als je naar de natuurwaarden kijkt in het Waddengebied. Maar verder mogen we niets, we mogen bij het kruisje tekenen. Maar als we aan kunnen tonen dat er schade in dit gebied ontstaat, dan is het niet vergunbaar."