HEA! Keatsles foar skoalbern
Hoe krije je it keatsen wer wat op de kaart no't troch corona de animo ôfnimt? Dan begjinne je mei de jeugd entûsjast te meitsjen. Trije studinten fan it CIOS jouwe as eineksamenopdracht keatsclinics oan basisskoalbern. Sa komme de bern mei de sport yn oanrekking en meie se dêrnei ek nochris fergees op proefles by in keatsklup. Mark Minnesma, Timo Tuinenga en Thomas Veldman begjinne by de bern fan de basisskoalle yn Tsjom.
HEA! Keatsles foar skoalbern