Omwenners fleanbasis Ljouwert: bettere lûdsisolaasje echt nedich

In bettere isolaasje fan hûzen by de fleanbasis is echt nedich, fine omwenners, nei't tongersdei wer in ûndersyk nei bûten kaam is oer de yntinsiteit fan it lûd fan de F-35's. Neffens Geert Verf, dy't al jierren dwaande is mei lûdsmjittingen, stipet it nije ûndersyk it ferhaal fan omwenners yn ûnder oare de doarpen Marsum en Jelsum.
Omwenners fleanbasis wolle bettere lûdsisolaasje
"Dit ûndersyk makket dúdlik dat it needsaaklik is om de isolaasje wer opnij te besjen en dat jout ús de wyn yn de rêch", seit Verf. It lûd fan de F-35 is neffens him 'laagfrequent' lûd. Dat betsjut swierdere toanen dy't langer trochsette. "Omwenners fiele it mear. Katten wolle dan nei binnen, it gers slacht plat en dat wie net sa by de F-16. It hat folle mear impact op it glês, de muorren en tsjok dakbeskot. Dêr giet it leechfrekwinte lûd mear trochhinne."

Rammeljend ûndersyk

It ûndersyk dat de wurkgroepen útfiere litten ha is net sterk, seit loftfeartsaakkundige Joris Melkert fan de TU Delft. De mjitmetoaden dy't brûkt binne, ferskille. Sa is it lûd fan in F-16 metten yn de cockpit en dat fan de F-35 bûten it tastel. "Dat is meten met twee maten", seit Melkert. "Je kunt geen appels met peren vergelijken." Hy is dan ek dúdlik: "Op grond van dit onderzoek kun je geen conclusies trekken."
De lâning fan de earste F-35 yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Geert Verf fynt ek dat mear ûndersyk nedich is. De mjitpunten om de fleanbasis hinne mjitte no it folume fan it lûd fan de F-35's. Verf stelt dat in ferfolchmjitting en goed ûndersyk mear sizze kinne oer oft de fereaske lûdsdemping by de F-35 al of net helle wurde kin.

Isolaasje net mear fan dizze tiid

Dochs stelle omwenners dat de isolaasje wol deeglik datearre is. Albert Sinnema wennet yn Jelsum ûnder de oanfleanrûte fan de basis. "Sjoch, dizze rubbers by de ruten moatte je yndrukke kinne. Dy binne keihurd. De kit dy't brûkt is yn de naden is útdrûge. Je kinne gerêst stelle dat dit hûs lek is."
Dat is binnenshûs ek wol te fernimmen, seit Sinnema. "Dêr fernimme je no hiel dúdlik as der ien oerkomt. Meastentiids fleane se ûnder kofjetiid fuort. Wolle je dan in goed petear ha, dan moatte je dat ferpleatse."

Fertrouwen yn in oplossing

Sinnema is fol fertrouwen yn in goede oplossing. "We binne yn petear mei Definsje. Ik tink dat as je de isolaasje by de tiid bringe en as der krekt wat oars flein wurdt, want net alle F-35's binne like lûd, dat de oerlêst beheind wurde kin."
Dêr is Geert Verf it mei iens. Ynkoarten hat in stjoergroep fan omwenners, gemeente, provinsje en Definsje oerlis oer de oanpak fan it ûndersyk nei de isolaasje.