Operaasje Fryske Flagge: ek yn Leuven kin Jildou noch gewoan sûkerbôle krije

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike Jildou van der Hoop: opgroeid yn Holwert, mar foar stúdzje en wurk yn it Belgyske Leuven bedarre.
© Jildou van der Hoop
Jildou is 28 jier en wennet yn Leuven mei har freon. "De omjouwing dêr't wy wenje is prachtich, der is in soad bosk en der binne heuvels. De Ardennen binne ek net fier. En it is fansels it gebiet fan Flaamske fryt, sûkelade en spesjaalbierkes."
Seis jier lyn is Jildou foar har stúdzje dy kant op gien. Yn Nederlân hat sy de oplieding psychomotoaryske terapy en bewegingsagogy dien. Mei in staazje kaam sy der efter dat in soad kliïnten ek problemen hawwe oangeande harren seksualiteit.
Harkje hjir nei it petear mei Jildou van der Hoop
Dat is lykwols in tema dat mar dreech te bepraten is. "Ik waard dermei konfrontearre dat minsken misbrûkt binne, oer soks wurdt faak net praat. Mar tink ek oan de effekten fan medikaasje op seksueel gebiet. Minsken kinne mei sokke dingen net altyd terjochte."

Master seksuology

Dêrom hat sy in skeakeljier yn Leuven dien om talitten te wurden op de universiteit foar in master seksuology. "Dat hat te krijen mei alles om seks hinne. It lichem, de hormoanen, de prosessen. Yn Nederlân is dêr net echt in goede universitêre stúdzje foar, dus ik hie hjir ek in protte klasgenoaten út Nederlân."
Mei de stúdzje is Jildou yntusken klear: sy wurket no trije dagen yn de wike yn Brussel by de berne- en jongereinpsychiatry. Dat is bêst swier wurk mei in soad útinoar rinnende ferhalen, somtiden oant misbrûkgefallen ta. Mar de oplieding hat har in soad betrouwen jûn. Beide stúdzjes komme no byinoar yn har hjoeddeiske wurk.
Sels wol Jildou graach har eigen praktyk as seksuolooch opsette. Har freon komt fan De Lemmer. Hy koe staazjerinne yn België en waard letter oannaam by itselde bedriuw.

"Wy wenje hjir graach"

Jildou en har freon wenje no yn Leuven, op in kertierke fan it sintrum. Werom nei Fryslân, dat hoecht foarearst net: "Ik wit it net, dat is net hiel konkreet foar my. Wy wenje hjir hiel graach, der is net fuort in reden om werom te gean. De minsken binne hjir aardich. Ek wol wat hoeden, mar as sy op harren gemak binne, dan sit it wol goed."
Dochs komt sy noch wol geregeld yn Fryslân, en har famylje ek nei België. "It is ek mar fjouwer oeren riden, dat falt ek wol ta. It is no wat minder mei corona, mar gewoanwei geane wy wol ien of twa kear yn de moanne werom. Of de famylje komt hjir. Dus sa yngewikkeld is it net om net yn de buert te wenjen."
Boppedat binne der ek Nederlânske supermerken yn Leuven. "Dus wy kinne sels noch sûkerbôle keapje hjir."
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.