HEA! De bysûndere samling fan Teake Visser

Teake Anne Visser fan Dokkum hat in tik, mar wol in moaie tik, sa seit er sels. Hy sammelet fan syn 10e jier ôf alles wat te krijen hat mei de Twadde Wrâldoarloch. Teake Anne hat de hannel fan âld guod meikrigen fan heit en mem, en yntusken binne syn eigen bern ek alwer besmet mei dit firus. Neist de bysûndere fynsten dy't hy hat, wurdt hy ek noch altyd rekke troch de somtiden emosjonele ferhalen út de skiednis dy't derby hearre.
HEA!