Boargemaster Waanders oer bekladde hûs: "Dat giet fierstente fier"

"Dit is echt foarby de grins,", seit boargemaster Waanders fan Waadhoeke oer it bekladde hûs yn Sint-Anne. De wykplysje dielde moandei op Instagram it berjocht dat op in wenhûs mei grutte letters de wurden "COVID is Fake" farve wie. De frou dy't dêr wennet, leit mei corona yn it sikehûs.
In reportaazje út Fryslân Hjoed oer de bekladding
Boargemaster Waanders hat mei de man fan sike frou praat. "Se hat it goed te pakken, mar leit net op de ic. Dat makket it ek sa bizar. As minsken oars tinke oer covid, dêr ha ik wo muoite mei, mar dat mei yn dit lân. Dy frijheid kin lykwols net sûnder ferantwurdlikheid foar in oar. It is it eigendom fan in oar, dus juridysk sjoen hast dêr fan ôf te bliuwen. En moreel bist in ein hinne ast sa'n tekst op in wenning setst dêr'tst fan witst dat der ien wennet dy't troch covid slim siik is."
© Wijkagenten Waadhoeke Buiten
Ik fyn it ymmoreel, dat giet fierstente fier.
Boargemaster Marga Waanders
Yn it doarp fynt elkenien it skande. "Ast it by dysels dochst, noja, dêr fyn ik ek wat fan mar dat mei, mar datst it by in oar dochst en dan ek fan in gesin mei in slim sike bewenner. Ik fyn it ymmoreel, dat giet fierstente fier."
Marga Waanders

Kamerabylden

Der wurdt sjoen oft der mooglik kamerabylden fan partikulieren binne. "Dat is in saak fan de plysje. We hoopje dat dat wat opsmyt. Ik hoopje dat de dieder of dieders sels ta besinning komme. We meie fine wat we fine, mar ha rekken te hâlden mei respekt en gefoelens fan oaren."