Veiligheidsregio en Alliade wurkje gear foar Frysk karantêne- en isolaasjeplak

Veiligheidsregio Fryslân hat mei Zorggroep Alliade ôfspraken makke oer in karantêne- en isolaasjeplak yn de provinsje. Dêr kinne minsken mei in besmetlike sykte binnen 24 oeren opfongen wurde. It is bedoeld foar minsken dy't net in goed plak hawwe om harren thús ôf te sluten, lykas reizgers, studinten of bewenners fan in azc. Yn earste ynstânsje wurdt der sjoen nei wensoarchsintrum Anna Schotanus.
Alliade © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
It kin gean om it coronafirus, mar ek om mooglike ynfeksjesykten yn de takomst. Neffens Veiligheidsregio Fryslân en Alliade hawwe sy mei-inoar ekspertize en foarsjenningen om fersprieding fan in ynfeksjesykte te foarkommen.
"Der binne tal fan oare ynfeksjesykten, tink ek oan de mûzels of tuberkuloaze. Guon minsken kinne thús net altyd goed terjochte. Dan is it tûk om sa'n sintrum te hawwen," seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân.

Coronasintrum op It Hearrenfean

Fierder hawwe beide partijen enk de ôfspraken oer in Frysk coronasintrum opnij befêstige. It Coronacentrum Friesland op It Hearrenfean iepene op 24 maart 2020. Sûnt dy tiid binne der al mear as 500 âldere en kwetsbere coronapasjinten opfongen.
Dat wie nedich om't der yn it begjin fan de krisis al fluch te min plak wie foar alle pasjinten yn de sikehuzen en ferpleech- en fersoargingshuzen. Dêr waard in lege ôfdieling fan wensoarchlokaasje Anna Schotanus foar brûkt.

40 plakken yn Anna Schotanus

Yn Anna Schotanus binne op dit stuit 40 plakken. Dizze lokaasje is ek útsocht as karantêne- en isolaasjeplak. "De lokaasje bliuwt iepen oant der gjin ferlet mear fan is. Mar yn de takomst kinne wy dêr binnen 24 oeren plak meitsje, of miskien earne oars", seit De Graaf.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân
Sy hat wurdearring foar de gearwurking. "Wy hawwe ûnderfining mei-inoar opdien. Dan is it moai om dy gearwurking troch te setten. Dizze ôfspraken binne mei sletten beurzen makke. Alliade is der klear foar, mar rekkenje der neat foar as it bêd net brûkt wurdt."
Tusken karantêne en isolaasje sit in ferskil. Karantêne hâldt yn dat ien him previntyf ôfsûnderet om fersprieding fan bygelyks it coronafirus tsjin te gean. Isolaasje hâldt yn dat je thús bliuwe as je al echt siik binne, dus bygelyks as je posityf test binne op it coronafirus.