Faunabescherming docht needgjalp oer sânsuppleesje yn natuer op It Amelân
De Faunabescherming docht in needgjalp yn de rjochting fan Deputearre Stearen oer in sânsuppleesje op It Amelân. Takom sneon stiet der in ferpleatsing fan tonnen sân op de planning op it Griene Strân. Mar neffens Faunabescherming giet it om Natura 2000-gebiet en hat de gemeente gjin fergunning of ûntheffing. Neffens de organisaasje giet it om in 'yllegale aktiviteit.' Sy freegje de provinsje dêrom mei klam om tiisdei foar 14.00 oere te hanthavenjen.

De bedoeling is dat it sân yn in blabzige geul ôfset wurdt. Sa kinne badgasten better by de see. Dêrfoar moat der lykwols by it Griene Strân delgien wurde. Dat is in natuergebiet dêr't in soad seldsume fûgels briede. Yn 2009 hat it ministearje fan Natuer it gebiet as Natura 2000-gebiet bestimpele. Yn de maitiid is it ferbean gebiet.
Dochs lykje gemeente Amelân en it doarp Ballum 'recreatieve voorzieningen belangrijker te vinden dan de bescherming van een uniek natuurgebied', sa skriuwt Faunabescherming.
Harm Niesen fan de Faunabescherming en boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân