'Influencer' Henk de Jong: "Sa'n protte moaie mominten, da's net normaal"

By SC Cambuur genietsje se noch altyd nei fan de lêste wiken. Earst wie der de promoasje nei de earedifyzje, dêrnei de titel en ôfrûne wykein de huldiging. "Jonges, wy hawwe sa'n protte moaie mominten meimakke, da's net normaal", fertelt trainer Henk de Jong. Hy wol no lykwols ek wer foarút sjen. "It moat no efkes ophâlde mei al dy festiviteiten." Yn de SportCast út it Cambuur Stadion wei skowe neist De Jong ek spilers Sonny Stevens, Mitchel Paulissen en Jamie Jacobs oan.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Nei trije wiken fol mei feestjes is it tiid om foarút te sjen. Dat docht ek trainer Henk de Jong, dy't der foar takom seizoen noch wol in oantal spilers by hawwe wol. "It middenfjild stiet frij goed, allinne de posysje fan Mees Hoedemakers sil ek noch wol wat barre moatte. Miskien giet dy ek wol fuort, fan wat wy hearre is dêr wat belangstelling foar. Efteryn moat noch wat barre en foaryn op de bûtenkanten moatte we troch fersterkje."

'Influencer'

De Jong is de lêste wiken bestookt mei felisitaasjes foar de prestaasjes mei Cambuur. "Ik hie in stikje op LinkedIn set. Ik tink dat dy 160.000 oant 170.000 kear besjoen is. Foarige kear by De Graafschap wie it 220.000 kear. Dat is wol in protte, hé? Hoe neame se dat ek wol wer, influencer dochs?", laket De Jong.
Folgjend seizoen fynt Cambuur himsels werom yn de earedifyzje. Keeper Sonny Stevens sjocht der nei út: "Ajax en Feyenoord, dat zijn hele mooie stadions om te spelen. Maar, dat neemt niet weg dat er ook wat kleinere clubs zijn met een hele leuke aanhang. Ik vind het ook wel speciaal om bij FC Twente terug te komen, omdat ik daar vier jaar heb gespeeld."

Earedifyzje

Mitchel Paulissen spile earder mei Roda JC yn de earedifyzje, mar: "Dat was meer behelpen en alleen maar strijden. Ik ben benieuwd hoe we het nu gaan doen, nu we een plan en een voetbalidee hebben. Daar kijk ik wel naar uit."
Foar Jamie Jacobs wurdt it syn debút op it heechste nivo yn Nederlân. "Dat je 's avonds met je bordje op schoot om zeven uur lekker een samenvattinkje kijkt en je ziet jezelf rondhuppelen op het veld. Dat is hartstikke mooi. Daar ga je af en toe een beetje aan voorbij dat het toch wel bijzonder is."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.