Alle IC's yn Noard-Nederlân lizze fol: "situatie buitengewoon ernstig"
De intensive care-ofdielingen yn it Noarden lizze fol, en in protte operaasjes binne útsteld of ôfsein. Dat seit Peter van der Voort. Hy koördinearret foar hiel Noard-Nederlân de IC-bêden. De situaasje is 'buitengewoon ernstig', seit er. Akute soarch soe de kommende wike net te garandearjen wêze.

"Alle IC's zijn vol, of hebben op zijn hoogst één bedje voor noodgevallen", seit Van der Voort. "Het gaat dan om zo'n 70 procent patiënten uit de eigen regio en 30 procent uit andere regio's overgeplaatste patiënten."
Van der Voort komt fan Boksum. Hy is yntensivist yn it UMCG yn Grins. "In Groningen hebben we alle operaties van de zogenaamde klasse-3 moeten afzeggen. Dat betekent dat bijvoorbeeld geplande operaties van mensen met slokdarmkanker zijn uitgesteld."
Grins berikt
Van der Voort die syn útspraken yn it nijsfoarum fan Buro de Vries. "We kunnen nu nog net de acute zorg blijven verlenen, maar bereiken ook daar de grenzen. Mogelijk kunnen we ook die zorg de komende week al niet meer bieden." Van der Voort wie dan ek net te sprekken oer de ferrommingen fan de coronamaatregels dy't dizze wike yngien binne. "Die komen écht te vroeg."

Harkje nei in fragmint út it Nijsfoarum fan Buro de Vries
VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries fan Ljouwert sei yn it nijsfoarum dat it ferromjen fan de maatregels in drege politike ôfwaging wie. "Mar it is in goede beslissing, want mei alle drokte yn de parken moast der in bettere regulearring komme fan minsken dy't inoar opsykje. Mar fansels wolle jo net dat soks minskelibbens kostet."
Duvelsk dillemma
Foarumlid Oebele Brouwer, boargemaster yn Achtkarspelen, spruts fan in duvelsk dillemma. "Wy sjogge op in soad plakken, ek yn ús gemeente, dat minsken har net oan de regels hâlde. Benamme yn saneamde 'man caves' op yndustryterreinen komme grutte ploegen byinoar dy't har nearne wat fan oanlûke en har gedrage as wie der neat te rêden."
Van der Voort, dy't ek senator foar D66 is, ferwyt de oerheid ûnder mear dat net goed kommunisearre wurdt hoe slim oft de situaasje noch altyd is. "Pas als mensen op bezoek komen bij coronapatiënten vallen mensen de schellen van de ogen. Wij krijgen veel mails en brieven van familieleden die vertellen pas daar de werkelijke omvang van de problematiek onder ogen te zien."
Al it nijs oer it coronafirus is te finen op omropfryslan.nl/corona. Dêr steane ek de meast aktuele besmettingssifers fan Fryslân.