Minskesmokkel op sylboat dy't ôfsette út Fryske haven rjochting Ingelân

In syljacht dat ôfset is út in haven oan de Iselmar soe belutsen wêze by minskesmokkel. Oan board fan de boat wiene in Dútser, in Ingelskman en acht Albanezen. De Landelijke Eenheid fan de plysje ûndersiket de saak.
© Shutterstock
De plysje krige op tiisdei 13 april in melding binnen fan in sylboat dy't in 'frjemde reis' rjochting Ingelân meitsje soe. De skipper hie in sylboat hierd fan in partikulier. It skip fear yn it wykein fan 10 april út de haven oan de Iselmar wei.
Om't de sylboat mooglik noch yn Nederlân fear, belle de plysje mei ferskate slûswachters mei it fersyk út te sjen nei de boat. Het Team Maritieme Politie (TMP) en de Koninklijke Marechaussee waarden ek op 'e hichte brocht.

Ingelân

De maritime plysje hat de saak trochset nei de Ingelske kollega's. De sylboat waard yn Nederlân net mear sjoen. Op tongersdei 15 april kaam der by de plysje lykwols in melding binnen dat der inselde type sylboat ûnderskept wie foar de Ingelske kust. Oan board wiene in Dútser, in Ingelskman en acht Albanezen. De plysje tinkt oan minskesmokkel.
Ut ûndersyk docht bliken dat de bemanning fia Koarnwertersân de Iselmar ferlitten hat. It is noch ûndúdlik wêr't de migranten oan board kaam binne. De plysje hat de saak yn ûndersyk.