Gjin geitehâlderij yn Reduzum: "Bliid dat gemeente ús soargen serieus nimt"

Der komt gjin geitehâlderij yn Reduzum. De gemeente Ljouwert hat bepaald dat binnen in straal fan twa kilometer fan wenningen gjin geitehâlderij stean mei. Wurkgroep In sûn Reduzum, dy't him bot fersette tsjin de komst fan de geitehâlderij, is bliid mei it beslút. "Wy binne bliid dat de gemeente Ljouwert ús soargen oangeande de sûnens fan omwenners serieus nimt", seit Ypie Boersma fan de wurkgroep.
© Omrop Fryslan
Feehâlder Boonstra fan Reduzum woe fan syn buorkerij mei kij in geitehâlderij meitsje, mei 2.840 geiten. In sûn Reduzum hat gjin probleem mei Boonstra sels, mar wol mei de bisten. Ut ûndersyk docht nammentlik bliken dat minsken dy't yn de omjouwing fan in geitehâlderij wenje, faker longûntstekking hawwe.
It RIVM docht dêr op dit stuit in ferfolchûndersyk nei. "Dy resultaten binne noch net bekend en wurde ferwachte yn 2024. Dêrom sizze wy: wachtsje earst efkes oant je witte hoe't it no krekt sit, want dan witte je ek hokker maatregels je nimme moatte", seit Boersma.
De fraksjes fan de FNP en GroenLinks yn de gemeente Ljouwert stelden fragen oer de kwestje, wêrnei't de gemeente besleat dat der gjin geitehâlderij komme mei binnen in straal fan twa kilometer fan hûzen.

"It is dûbeld"

Yn de measte provinsjes jildt der in geitestop, útsein yn Fryslân en Grinslân. Gemeente Weststellingwerf kundige woansdei wol in geitestop oan. "It is fansels ek dûbeld", ferfolget Boersma, "want boeren hearre ek by ús trije doarpen: Friens, Idaerd en Reduzum. Wy hoopje dat Boonstra as boer mei kij in goede takomst hat."
Ypie Boersma fan de wurkgroep In sûn Reduzum
Feehâlder Boonstra lit yn in reaksje witte dat hy it spitich fynt dat hy net oerstappe kin nei in geitehâlderij. Hy sil syn bedriuw trochsette mei kij. Boersma: "Wy sizze net dat wy foar altyd tsjin geitehâlderijen binne. Mar salang't wy wachtsje op ûndersyksresultaten, sizze wy nee."