PODCAST Smokkelbern #4: "Ze zijn een leven lang bij me gebleven"

Nei de oarloch mist de Joadske Jetty van der Hoek har Fryske ûnderdûkfamylje sa bot, dat de trije susters en broer nei Zeist ferhúzje, om altyd by Jetty yn de buert te bliuwen. Yn ôflevering 4 fan de podcast Smokkelbern, mei ferhalen fan Joadske ûnderdûkbern yn Fryslân, docht Jetty van der Hoek har ferhaal.
Beharkje de podcast:
Jetty van der Hoek is yn Utrecht yn de ûnderdûk berne. As poppe fan in pear moannen âld wurdt se nei Bovenknijpe (no De Knipe) yn Fryslân smokkele. De famylje Van der Molen bestiet út trije net troude susters en in broer, dy't mei de komst fan Jetty in nij gesin stichtsje.
Nei de oarloch docht bliken dat Jetty har âlden en broerke op oare ûnderdûkadressen de oarloch oerlibbe ha. Se nimme Jetty wer by har, mar it kostet se de grutste muoite om mei-inoar in takomst op te bouwen. Jetty mist har Fryske 'âlden', en dat is oarsom ek sa. De famylje Van der Molen nimt in opmerklik beslút: se ferhúzje nei Zeist, om sa by Jetty yn de buert te wêzen.
Smokkelbern, de podcast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapps en op Spotify. Mear ynformaasje op omropfryslan.nl/smokkelbern.
© Omrop Fryslân
De podcast Smokkelbern wurdt makke troch Gerard van der Veer en Karen Bies. Der is ek in Fryslân DOK-rige Smokkelbern fan fiif telefyzjedokumintêres, makke troch Gerard van der Veer en Annet Huisman, te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân.
'Smokkelbern' is ûnderdiel fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in gearwurking fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.