Kollum: "In man foar de takomst"

"Koningsdag hjoed. Wy ha in dei frij om by de jierdei fan Willem-Alexander stil te stean, it steatshaad fan it Keninkryk der Nederlanden. Nim it my mar net kwea ôf dat ik dat net doch, want ik ha wat oars om by stil te stean. Nammentlik by in maidenspeech. Dat is de debútrede dy't elk nij lid fan de Twadde Keamer hâldt, in betooch oer in spesifyk ûnderwerp.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
DeToan fan Willem Schoorstra
Foarige wike wie it ûnder oaren de beurt oan de jongste parlemintariër fan Nederlân, in jongbaas fan 23 jier út Easterein. Habtamu de Hoop mocht foar de PvdA oan it wurd yn it ûnderwiisdebat mei demisjonêr minister Arie Slob. Dy pear minuten dat hy oan it wurd wie, makken gâns yndruk. Yn 't foarste plak om't de wurden rjocht út syn hert kamen. Sûnder opskik, mar mei emoasje fertelde er syn persoanlike ferhaal. Hoe't er as jonkje fan fjouwer wiken âld te fûnling lein waard yn in kafee yn Addis Abeba, Etiopië. Dat er troch de plysje nei in weeshûs brocht waard, om in pear moanne letter adoptearre te wurden troch, sa't er sei, syn heit en mem út Fryslân.
'Wie mij op deze wereld heeft gezet, is voor mij onbekend. Maar wie mij de liefdevolle opvoeding hebben gegeven waardoor ik vandaag op deze plek kan staan, daar bestaat geen enkele twijfel over.'
Behalve op in pleats yn de Súdwesthoeke, bin ik der wis fan dat op gâns mear plakken yn it lân stikken yn 'e kiel fuortslokt waarden. De boeresoan, dy't earder al ris sei dat alles Frysk oan him wie útsein syn uterlik, fertelde de Keamer oer syn leave âlden, syn heit en mem en oer syn pake. Hy fertelde dat dy him tige holpen ha om te kommen dêr't er no is. Dat in thússituaasje in protte ynfloed hat op wêr't je einigje, en dat hy fynt dat dat oars moat. Syn speech gie oer kânsegelikens.
'Het gaat over veel meer dan geluk. Het gaat over wat je meekrijgt en wat je kan leren. Op school, om je heen, van ervaringen, of van de voetbaltrainer van de club in je dorp. Kansengelijkheid komt je niet zomaar aanwaaien. We hebben als samenleving en als politiek de verantwoordelijkheid om die te organiseren voor ieder kind.'
Syn boadskip is dat sukses gjin kwestje fan kar is, dat it benuttjen fan kânsen pas mooglik is wannear't dy kânsen der ek echt binne.
Dêr stie er. It eardere jonkje fan fjouwer wike, te fûnling lein yn in kroech yn Addis Abeba en no oan it wurd yn de Twadde Keamer as parlemintariër. It jonkje dat fan Etiopië nei de Súdwesthoeke yn Fryslân rekke. No in jongbaas dy't, sa waard my ynienen dúdlik, it yn him hat om echte ferbining ta stân te bringen, om it suvere sosjalisme, sa't dat oait yn Fryslân woartel skeat, op 'e nij út te finen en hannen en fuotten te jaan. In man foar de takomst mei de bêst mooglike famyljenamme."