Amerikaanske wynmotor werompleatst by Baaium

Tusken Baaium en Winsum is de Amerikaanske wynmotor nei renovaasje wer werompleatst. It ryksmonumint waard yn 1935 boud troch Jozef J. Mous út Balk.
© Omrop Fryslân
Der binne net folle fan sokke monuminten mear. It is in wynmûne mei in rêd mei skoepen yn stee fan roeden. It opknappen is mei mooglik makke troch stichting Waterschapserfgoed.
"It gie om in periodike ûnderhâldsbeurt", fertelt Rintsje Zijlstra fan Doarpsbelang Baaium. "Hy is net mear yn funksje, hy stiet der as histoarysk erfgoed. Der binne noch trije fan sokke moles yn Fryslân. Yn Itens stiet ek ien fan Mous."
Doarpsbelang Baaium is wiis mei de restauraasje om't de mûne in 'eyecatcher' is by it fytspaad dêr't it doarp him mei Winsum de lêste tiid sterk foar makket. De mûne helpt Baaium om wat mear op de kaart te setten. "It hat wol wat fan in toeristyske faktor."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Rintsje Zijlstra fan Doarpsbelang Baaium