Himpkwekerij op De Gordyk ûntmantele
Oan de Badwei op De Gordyk is sneintemiddei in himpkwekerij fûn troch de plysje. Der is ien persoan oanhâlden yn de wente.

Yn de rin fan de dei sil de kwekerij ûntmantele wurde. Op dit stuit docht de plysje fierder ûndersyk yn de buert.