Plysje pakt 'fertochte man' op

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat yn de Ljouwerter wyk Cammingabuorren in man(38) oanhâlden omdat er him fertocht gedroech en him net legitimearje koe. De man waard sneintenacht sjoen troch in bewenner fan de Idzerdastins, doe't er troch túnen yn dy strjitte rûn. De ynskeakele plysje koe de man oanhâlde nei noch in melding fan in bewenner fan de Swingmastate.
Dêrfoar moast wol earst in syktocht yn de buert hâlden wurde, wêrby't ferskate plysjes ynset waarden. De man waard úteinlik op it dak fan in túnhûske fûn. Hy hie in skroevedraaier en kniptange.
De man is meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.