PODCAST Smokkelbern #3: "Ik heb nooit een Jodenster gedragen"

As yn 1942 yn Amsterdam de razzia's tsjin de Joaden begjinne, doart de 11-jierrige Jack Koppels net langer thús te bliuwen, hy is benaud dat er oppakt wurdt. Yn ôflevering 3 fan de podcast Smokkelbern, mei ferhalen fan Joadske ûnderdûkbern yn Fryslân, docht Jack Koppels syn ferhaal.
Beharkje de podcast:
Jack Koppels is it iennige bern fan in Joadsk pear. Om net oppakt te wurden, pakt er syn autopet, docht syn Joadestjer ôf en soarget dat er altyd ûnderweis is. Dei út dei yn swalket er troch de stêd en sjocht er de ferskrikkingen om him hinne.
Letter dûkt Jack ûnder en komt úteinlik yn Balk. Fia de radioútstjoeringen fan de BBC bliuwt er op de hichte fan it oarlochsnijs. Mar sa komt er yn de kunde mei de jazzmuzyk. It sil syn libben foargoed feroarje.
© Omrop Fryslân
Smokkelbern, de podcast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapps en op Spotify. Mear ynformaasje op omropfryslan.nl/smokkelbern.
© Omrop Fryslân
De podcast Smokkelbern wurdt makke troch Gerard van der Veer en Karen Bies. Der is ek in Fryslân DOK-rige Smokkelbern fan fiif telefyzjedokumintêres, makke troch Gerard van der Veer en Annet Huisman, te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân.
'Smokkelbern' is ûnderdiel fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in gearwurking fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.