Philips draait better kwartaal

Philips © Omrop Fryslân
Elektroanikaconcern Philips hat yn it twadde kwartaal fan dit jier 167 miljoen euro winst makke. Yn deselde perioade ferline jier waard in ferlies draaid fan 1,3 miljard. Philips, mei ûnder oare in fêstiging yn Drachten, profitearret benammen fan de kostebesparring dy't earder ynset waard.
Ek is der mear omset draaid yn bygelyks Ruslân en Azië. It giet dan benammen om de ferkeap fan enerzjysunige ferljochting en medyske apparatuer.