Ryk jout mear as trije ton ekstra foar Fryske popkultuer

Fryslân krijt goed trije ton fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. It jild wurdt brûkt om de popkultuer yn de provinsje te stimulearjen.
Sjongeres Elske DeWall by in optreden yn Provinsjale Steaten © Provinsje Fryslân
Deputearre Sietske Poepjes is grut foarstanner fan ekstra jild foar de popkultuer. It giet dan benammen om de hjoeddeistige kultuer, muzyk en moderne foarmen fan keunst. Poepjes: "Bygelyks minsken dy't oplaat wurde ta profesjonele muzikanten yn de popkultuer. Mar ek it meitsjen fan films en de moderne media."
It ministearje jout 2 miljoen euro oan seis provinsjes. Fryslân is dêr ien fan en krijt in sechde part, rûchwei 330.000 euro. Dat sil ûnder oare troch it produksjehûs Popfabryk ynset wurde foar it platfoarm Popcultuur Fryslân en it netwurk Kultuer Kollektyf.

Konvenant ûndertekene

Tongersdei ûndertekenje it ministearje en de partijen efter We The North in nij konvenant, in ôfspraak, foar de perioade 2021-2024. "It is in hiel moai gearwurkingsferbân fan de trije noardlike provinsjes en de gemeenten dy't der by hearre mei it ministearje", seit Poepjes. Under oare de ôfspraken oer it jild wurde deryn festlein.
Mei it konvenant moat it Noarden nasjonaal en ynternasjonaal better op kaart set wurde. "It is bedoeld om de eigen kultueren fan ús moaie provinsje, mar ek dy fan Drinte en Grinslân yn harren krêft te setten. Om derfoar te soargjen dat dy ek ekstra stipe wurde. It is goed dat we mei mekoar oplûke, mar dat wy net itselde binne. Dus dat elkenien ek in plakje hat foar syn eigen identiteit."
Deputearre Sietske Poepjes