Brân op Koegelwieck, boat leit skoftke stil op see
Der is brân ûntstien op de Koegelwieck, de sneltsjinst tusken Harns en de eilannen Skylge en Flylân. De Koegelwieck hat in skoftke stillein op see, mar is dêrnei op eigen krêft nei de haven fan Skylge fearn. De 99 oanwêzige passazjiers hoegden net fan board helle te wurden.

Meardere helptsjinsten wiene ûnderweis nei de haven. Ek de brânwacht fan Flylân waard oproppen. Oankaam yn de haven fan Skylge, koene de passazjiers fan board.
De brân ûntstie yn de masinekeamer en wie gau ûnder kontrôle.