Stef Avezaat, direkteur fan De Lawei, beneamd yn Ried foar Kultuer

Stef Avezaat, direkteur fan skouboarch De Lawei yn Drachten, hat fan 1 maaie ôf sitting yn de Ried foar Kultuer. De beneaming is foar in perioade fan fjouwer jier. Dat hat it ministearje fan OCW (Underwiis, Kultuer en Wittenskip) freedtemiddei bekend makke.
© Omrop Fryslân
Avezaat is sûnt 2003 direkteur fan de skouboarch yn Drachten. Neist Avezaat wurdt ek Ellen Schindler beneamd yn de Ried foar Kultuer. Sy is CEO by De Zwarte Hond, in ynternasjonaal ûntwerpburo foar ûnder oare arsjitektuer.
De Ried foar Kultuer is in advysorgaan fan it regear op it mêd fan keunst, kultuer en media. Advizen fan de ried wurde meastentiids jûn op fersyk fan de minister fan OCW.